Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

It gedachtestreekje of omtinkstreekje (–) is in lêsteken dat de foarm fan in lizzend streekje hat.

It wurdt brûkt foar de skieding fan in tuskensin of foar it oanjaan fan in ûnferwachte draai.

Gebrûk bewurkje seksje

Yn it Frysk kin it gedachtestreekje brûkt wurde:

  • om te ferdúdlikjen: dat wat nei it lizzend streekje komt, is in útlis fan it foargeande
Doe’t se lang om let teplak wiene, troffen se in lege keamer – de dieder wie poater.
  • as linsteken, wat sterker as it skrapke
Jantsje naaide út – sûnder noch in wurd te wikseljen.
  • om in tuskensin oan te jaan, benammen in útwreidzjende eigenskiplike bysin; wat sterker as skrapkes, sawat gelyk oan heakjes
Mar doe naam pake Wytse – dy’t it measte dochs al net mei Jantsje hie – de leie.

Typografy bewurkje seksje

Yn de typografy is it wenst om it gedachtestreekje, yn Fryske tekst, wer te jaan mei in heal kastlyntsje, mei oan beide kanten in spaasje.

Jo – net op myn oanjaan – ûntwraksele oan de see

Inkeld wurdt in hiel kastlyntsje brûkt.

Jo — net op myn oanjaan — ûntwraksele oan de see

Yn Ingelke tekst is in hiel kastlyntsje sûnder spaasjes wizânsje (mar dêrby moat oanjûn wurde dat dy yn goede lettertypes in minimale wytrûmte om har hinne hawwe).

He was running, Watson—running desperately.