( ) [ ]

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

Heakjes binne twa lêstekens dy’t gewoanwei as span brûkt wurde: in heakje iepenje en in heakje slute.

De holle kanten fan de heakjes steane altyd oan de kant fan de tekst dy’t tusken de heakjes stiet. Foar skriftsoarten mei in skriuwrjochting fan lofts nei rjochts jildt: in heakje iepenje sjocht der út as de lofterhelte fan de haadleeter O: ( in heakje slute sjocht der út as de rjochterhelte fan de haadletter O: ) Foar bygelyks it Arabysk skrift, dat fan rjochts nei lofts skreaun wurdt, is dat oarsom.

Yn skreaune taal wurde heakjes brûkt om in (part fan in) sin dy’t (meastentiids) net essinsjeel is foar it oare stik fan it ferhaal ôf te sûnderjen. Dêrtroch kinne haad- en bysaken makliker útinoar holden wurde. Heakjes wurde ek brûkt om mear dúdlikens te jaan oer wat dat daliks foar de heakjes beneamd wurdt (lykas dit selsferklearjend foarbyld). De heakjes wurde ek wol parentesen neamd, in term dêr’t yn de taalkunde in ynfoege gedachte of oanfolling mei bedoeld wurdt. Sa diele dizze heakjes harren namme mei in type tekst dêr’t se foar bedoeld binne.

By it praten betsjut de útdrukking tusken twa heakjes oer it generaal dat jo op it punt steane wat te sizzen dat mar sydlings te krijen hat mei de rest fan it petear.

It oerdreaun soad brûken fan heakjes kin tsjin jo wurkje. Dat jildt ek foar it brûken fan heakjes-binnen-heakjes hoewol’t dat net altyd foar te kommen is. Jo kinne oerwage om dan de binnenste heakjes te ferfangen troch fjouwerkante heakken (tekstheakken, sjoch fierder). As in tafoeging tusken skrapkes of tusken heakjes set wurdt, hawwe skrapkes meast de foarkar mei’t se rêstiger eagje, en ek gedachtestreekjes binne in alternatyf. Gauris binne heakjes troch in wat wizige formulearring wei te litten. Ferlykje:

  • De earrebarre (ek wol eibert neamd [Latynsk: Ciconia ciconia]) komt yn in soad âlde ferhalen foar.
  • De earrebarre − ek wol eibert neamd (Latynsk: Ciconia ciconia) − komt yn in soad âlde ferhalen foar.
  • De earrebarre, dy’t el wol eibert neamd wurdt en yn it Latynsk Ciconia ciconia hjit, komt yn in soad âlde ferhalen foar.

Heakjes yn sitaten

bewurkje seksje

In spesifyk gebrûk fan heakjes yn kombinaasje mei de ûnderbrekkingsstippen dy’t út trije puntsjes besteane. Dat tsjinnet om oan te jaan dat in part út in sitaat fuortlitten is:

Slachteregister fan Jezus: (…) (sa’t se tochten) de soan fan Joazef, de soan fan Heli, (…) de soan fan Nathan, de soan fan David, (…) De soan fan Jakob, de soan fan Izak, de soan fan Abraham, (…) De soan fan Enos, de soan fan Seth, de soan fan Adam, de soan fan God.

Mei itselde doel wurde ek de ûnderbrekkingsstippen wol tusken fjouwerkante heakjes […] brûkt, mar rûne heakjes (…) binne mear yn tel en jouwe in rêstiger byld.

Fjouwerkante heakjes wurde benammen brûkt om tafoegings yn in sitearre tekst of oersette tekst te markearjen.[1] Foarbylden dêrfan binne de tafoegings [sic!] of [kursivearring troch de redaksje].

Yn literatueropjeften wurde fjouwerkante heakjes brûkt om eigen tafoegings of korreksjes yn titelbeskriuwings (tusken fjouwerkante heakjes) oan te jaan. Bygelyks: [s.j.] (sûnder jier), [2e pr.]. As nei in oersetting de oarspronklike titel jûn wurdt, dan komt dy ek tusken fjouwerkante heakjes.

Net-peare heakjes: emoticons en opsomming

bewurkje seksje

Yn tekstberjochten (bygelyks sms) wurde heakjes ek wol brûkt as ûnderdiel fan emoticons. Sa is :-) in manier om in glimk wer te jaan. Omdat it heakje yn dit gefal net as sadanich bedoeld is, wurdt hjir fan de regel ôfwykt dat heakjes altyd kombinearre foarkomme. Rjochtoarsom: it emoticon  :-( jout krekt in tsjinoerstelde emoasje wer. Gewoanwei wurdt mar ien heakje brûkt, twa krekt deselde heakjes jouwer in sterkere emoasje wer: :-)) en :-((

In oar bekend foarbyld fan it brûken fan net-peare heakjes is yn nûmering fan tekstblokken en opsommings. Neffens de Nederlânske Taalunie rekket dit út de tiid en is it dêrom ôf te rieden. In foarbyld:

1) Rafael Nadal 2) Roger Federer 3) Novak Djokovic 4) Andy Murray 5) Nikolaj Davydenko (top fiif mannetennis, 9 maart 2009).

Yn de wiskunde

bewurkje seksje

Yn de wiskunde wurde heakjes brûkt om rekkenkundige bewurkings te groepearjen. Dêrby jildt dat heakjes de heechste prioriteit hawwe: heakjes moatte noch fóár ta de macht ferheffen ‘fuortwurke’ wurde.

Sa is

5 × 3 + 2 = 17

(neffens de rekkenregels earst fermannichfâldigje, dan optelle), mar

5 × (3 + 2) = 25

(earst heakjes, earst dan fermannichfâldigje).

Heakjes wurdt ek brûkt om fan in ynterfal oan te jaan oft in rânepunt ja dan nee ta it ynterfal heart. Der binne ferskate farianten yn dy notaasje.

Yn de automatisearring

bewurkje seksje

Yn de automatisearring wurde heakjes op deselde wize brûkt as yn taal en wiskunde. By it skriuwen fan kompjûterprogramma’s wurde heakjes boppedat brûkt om arguminten oan funksjes en/of prosedueres troch te jaan.

Foarbylden:

Yn BASIC:

x = SQRT(9)
x = ABS(y)
x = SQRT(ABS(y))

betsjutte efterinoar dat x gelyk wurdt oan de fjouwerkantswoartel (square root) fan 9, x gelyk wurdt oan de absolute wearde fan y en x gelyk wurdt oan de woartel fan de absolute wearde fan y. Yn de measte BASIC-dialekten wurde heakjes net brûkt om arguminten oan prosedueres troch te jaan (as jo yn BASIC al oer prosedueres prate kinne).

Yn C (en C-eftige programmeartalen):

x = sqrt(9);
printf("Hello, world!\n");
return(0);

betsjutte: x wurdt gelyk oan de fjouwerkantswoartel fan 9, printsje de tekst ‘’Hello, world!’’ (folge troch in newline (rigelskeakeling) op it skerm ôf, jou de resultaatkoade 0 troch oan de oanroppende funksje.

Yn de Unix-shell

bewurkje seksje

Yn de Unix kommando-ynterpretearder wurde heakjes ek brûkt om bewurkings (statements) te groepearjen sadat dy as ién gehiel beskôge wurde kinne. Boppedat wurdt it ‘heakje slute’ brûkt yn it CASE-statement, mar dêr mear foar de optyske gelikenis mei in omkearde letter ‘c’ as út oare reden. Yn dit gefal soene jo sizze kinne dat de letter ‘c’ de funksje fan ‘heakje iepenje’ hat.

case "$ANDERT" in
J | j | Y | y )
(aksje(s) by befêstigjend andert)
;;
N | n )
(aksje(s) by ûntkennend andert)
;;
* )
(aksje(s) by ûndúdlik / ferkeard andert))
;;
esac

Oare heakjes

bewurkje seksje

Oars as de hjirboppe beskreaune heakjes binne der ek noch oare symboalen dy’t heakjes neamd wurde. As der risiko’s op misferstannen besteane, wurde de ‘standert’ heakjes yn dat gefal rûne heakjes neamd.

De wichtichste oare heakjes binne [ en ] - de saneamde fjouwerkante heakjes, tekst-, bibel- of blokheakken. Yn de Fryske taal wurde dy ûnder oare brûkt om ‘nêste’ heakjes better lêsber te hâlden. Se wurde ek wol brûkt om kommentaar, korreksjes of ferdúdlikings te skieden fan de eigentlike tekst.[1] Taalkundigen brûke se om in allofoan wer te jaan. Folle faker as yn taal wurde dy heakjes brûkt yn benammen de wiskunde en automatisearring.

Inkeld wurde de wiskundige symboalen foar lytser as (<) en grutter as (>) as heakjes brûkt. Yn de taalkunde brûke se bygelyks de notaasje <aa> om in grafeem wer te jaan.

De term spekheakken wurdt likegoed foar de fjouwerkante as foar de < en > brûkt.

Yn it spraakgebrûk wurde klammerkes betiden ek as heakjes oantsjut.

De akkolades {' en ‘} wurde yn it Ingelsk ‘’krollee heakjes’’(curly brackets) neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 Gebruik van vierkante haakjes (taaladvies.net)