Église Saint-Tourain (Évreux)

De Sint-Taurinustsjerke (Frânsk: Église Saint-Taurin) is in oan Sint-Taurinus wijde tsjerke yn de Normandyske stêd Évreux. De tsjerke is sûnt 1840 in histoarysk monumint.

Sint-Taurinustsjerke

Église Saint-Tourain

Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Seine-Maritime
plak Évreux
adres 2 Place Saint-Taurin
koördinaten 49° 01' N 1° 08' E
Tsjerklike gegevens
bisdom Évreux
patroanhillige Sint-Taurinus
Arsjitektuer
boujier 10e-18e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status Histoarysk monumint
Webside
Side Notre Dame-Saint Taurin
Kaart
Église Saint-Tourain (Frankryk)
Église Saint-Tourain

De tsjerke makke foarhinne diel út fan de eardere benediktynske abdij fuort westlik fan it stedssintrum fan Évreux yn in gebiet dat troch de kanalen fan de Iton trochkrúst waard.

Neffens de leginde fan Sint-Taurinus waard it grêf fan de biskop yn de 6e iuw ûntdutsen troch biskop Landulf, dy't op it plak in houten kapel boud hawwe soe. De kapel waard yn de tiid fan de ynvaazjes fan de Wytsings tsjin it ein fan de 9e iuw ferneatige.

 
15e-iuwsk raam fan de ferkundiging fan de berte fan Taurinus oan syn mem Eusticie

Richard I fan Normandje (943-996) stifte in oan de hillige biskop wijde abdij. Yn de tiid fan de konflikten tusken de hartoggen fan Normandje (dy't keningen fan Ingelân waarden) mei de keningen fan Frankryk soe de abdij in soad te lijen krije mei geweld en ferneatiging. Yn 1195 by de oermastering fan de stêd troch Filippe Auguste baarnde de abdij tegearre mei de rest fan de stêd Évreux ôf en moast de abdij wer hielendal op 'e nij opboud wurde.

Yn de Frânske Revolúsje waarden de muontsen út de abdij ferdreaun. Ien muonts waard troch de revolúsjonêre autoriteiten mei nei Parys nommen en dêr eksekútearre. De tsjerke waard ûntwijd en brûkt foar opslach fan salpeter. De tsjerke waard yn 1801 as parochytsjerke werom jûn oan de Roomsk-Katolike Tsjerke as ferfanging fan de Sint-Egidiustsjerke (Église Saint-Gilles), dy't doe op it tsjerkhôf stie dat hjoed-de-dei it Place Saint-Taurin is.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

It koer fan de tsjerke is 15e-iuws en goatysk, wylst it skip in mingeling fan stilen sjen lit. De pylders fan arkaden nei it noardlik sydskip binne noch romaansk, oare dielen binne goatysk, lykas it ferwulft út de 15e iuw en de spitsbôgen nei it súdlike skip. Ek de renêssânse is dêr fertsjintwurdige.

De 18e-iuwske troch de Mauristen boude gevel fan de tsjerke is klassisistysk. Nijsgjirriger is it 13e-iuwske súdlike portaal, dat oan it plein grinzget. It hat in timpaan dat Kristus mei de evangelisten foarsteld. De bylden fan it portaal binne skeind, of dat troch protestanten of troch revolúsjonêren barde is net bekend.

 
13e-iuwske skryn fan Sint-Taurinus

De tsjerke hat yn it koer noch 15e-iuwske ramen mei foarstellings fan Sint-Taurinus, dy't de oankundiging fan syn berte, syn doop en syn oankomst yn Évreux foarstelle. De twa grutte ramen fan it koer binne ek 15e-iuwsk en stelle de dea fan Marije en de Himelfeart foar. Yn de súdlike earm fan it dwersskip is noch in 15e-iuwsk raam mei in biskop en de hilligen Kararina, Augustinus, Ambrosius en Joaris.

De tsjerke besit in fan hout en sulver makke skryn út de 13e iuw, dyt'mei bledgoud belein is. De skryn is fersierd mei legindaryske foarstellings út it libben fan Sint-Taurinus, earste biskop fan Évreux.

It oargel datearret fan 1842 en waard troch Callinet en Daublaine boud. Alfred Kern restaurearre it ynstrumint yn 1974.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side