Aïcha Marghadi (Ouarzazate (Marokko), 24 july 1977) is in Nederlânsk sportpresintatrise en -ferslachjouster en nijslêzeresse fan Marokkaansk-Berbersk komôf.

Aïcha Marghadi
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Aïcha Marghadi
nasjonaliteit Marokkaansk
Nederlânsk
berne 24 july 1977
berteplak Ouarzazate (Marokko)
etnisiteit Berbersk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, nijslêzeresse,
sportferslachjouster
medium tillefyzje
wurksum by AT5, NOS
bekend fan NOS Journaal, Studio Sport
jierren aktyf 20042012
offisjele webside
www.aichamarghadi.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Marghadi waard yn 1977 berne yn Ouarzazate, in stêd yn it Atlasberchtme fan sintraal Marokko, mar groeide op yn it Noardhollânske Lutjewinkel. Nei in stúdzje public relations en kommunikaasjekunde yn Amsterdam sette hja útein mei in karriêre yn 'e sjoernalistyk. Yn 't earstoan wurke hja û.m. by it parseburo Novum Nieuws, de lokale sindmachtigde SALTO Omroep Amsterdam en de radiostjoerder FunX.

Yn 2004 kaam Marghadi op 'e sportredaksje fan 'e Amsterdamske stjoerder AT5. Fan 2007 oant 2011 presintearre se dêr ferskate jierren efterinoar it nijs, en ûntjoech har sa ta ien fan 'e gesichten fan 'e stjoerder. Sûnt oktober 2010 presintearre hja dêrnjonken in stikmannich dagen yn 'e wike it sportsegmint fan it lanlike NOS Sjoernaal, yn ôfwikseling mei Toine van Peperstraten, Henry Schut, Dione de Graaff, Jack van Gelder, Mart Smeets, Tom Egbers en Jeroen Stomphorst. Nei't se yn 2011 by AT5 weigien wie, presintearre Marghadi op 'e nasjonale tillefyzje ek útstjoerings fan Studio Sport, it sportprogramma fan de NOS. Yn septimber 2012 makke hja bekend by de NOS wei te gean, mei om't hja yn ferwachting wie fan har twadde bern. Marghadi waard by de NOS opfolge troch Rivkah op het Veld en Sjoerd van Ramshorst.

Aïcha Marghadi is skieden en hat twa bern. Hja is de suster fan Mustafa Marghadi, dy't NOS op 3 presintearret en foarhinne ek NOS Headlines en Het Klokhuis die.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.