Dione de Graaff (Bussum, 9 juny 1969) is in Nederlânsk presintatrise en sportferslachjouster.

Dione de Graaff
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
Dione de Graaff yn 1995.
Dione de Graaff yn 1995.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dione de Graaff
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 juny 1969
berteplak Bussum (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as presintatrise, sportferslachjouster
medium tillefyzje
wurksum by NOS
bekend fan Studio Sport
jierren aktyf 1993 – no
offisjele webside
Dione de Graaff yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

De Graaff is de dochter fan Jan de Graaff, dy't einredakteur by de VARA wie. Yn maart 2023 die se mei oan in ôflevering fan it tillefyzjeprogramma Verborgen Verleden, wêryn't har stambeam útpluze waard. It die bliken dat ien fan har beppes út in famylje stamme dy't oarspronklik fan Skylge kaam en tebek gie op in santjinde-iuwske predikant yn Hoarn (Skylge). Dyselde wie wer in neikommeling fan in Fryske predikant dy't yn 'e sechstjinde iuw te Warkum en Dronryp stien hie.

De Graaff waard berne yn Bussum, mar groeide op yn Weesp en letter yn Leusden, en gie yn Amersfoart nei de middelbere skoalle. Nei in jier Frânske taal- en letterkunde studearre te hawwen, feroare se fan stúdzje om ynstee in oplieding te folgjen oan 'e Hegeskoalle foar de Sjoernalistyk yn Tilburch.

 
Dione de Graaff yn 2015.

Yn 1993 kaam De Graaff by de pleatslike Omrop Amersfoart te wurkjen. In foech jier letter wist se in staazjeplak te besetten by it programma Studio Sport, fan 'e NOS, wêrfan't se yn 1995 ien fan 'e fêste presintators waard. As sadanich wurket se meast fanút 'e studio yn Hilversum, mar ek docht se wol ferslach fanôf lokaasje, lykas by it reedriden yn Thialf, op It Hearrenfean, of by de Olympyske Spullen yn Londen, yn 2012, doe't se dêrwei it programma Londen Live presintearre. Teffens hat ûnder de Tour de France ferskate jierren it programma De Avondetappe presintearre, eltse kear út it plak fan oankomst fan 'e etappe fan dy dei.

Priveelibben

bewurkje seksje

Dione de Graaff hie earder in relaasje mei Chris Götte, de drummer fan 'e Siuwske band BLØF, dy't yn 2001 de dea fûn by in motorûngelok. Neitiid krige se in relaasje mei Nando Boers, in sportsjoernalist en de skriuwer fan ferskate útjeften oer sport. Yn maaie 2017 ferhelle De Graaff yn in fraachpetear mei it tydskrift Libelle iepenhertich oer har net útkommen bernewinsk.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.