Rivkah op het Veld

Rivkah op het Veld (Naarden, 21 oktober 1990) is in Nederlânsk sportferslachjouster, presintatrise, en sportsjoernaliste, dy't benammen bekend wurden is fan har wurk foar de tillefyzjeprogramma's Studio Sport en it NOS Journaal.

Rivkah op het Veld
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme Rivkah op het Veld
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 21 oktober 1990
berteplak Naarden (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as sportferslachjouster,
presintatrise, sportsjoernaliste
medium tillefyzje
wurksum by NOS
bekend fan Studio Sport
NOS Journaal
jierren aktyf 2010 – no
offisjele webside
Rivkah op het Veld op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Op het Veld waard yn 1990 berne yn Naarden. Nei it ôfrûnjen fan 'e middelbere skoalle folge se in sjoernalistike oplieding. Yn 2008 begûn se op 'e sportôfdieling fan 'e NOS as betsjinster fan 'e autocue. Letter wurke se bytiden ek as redaksje- en rezjyassistinte. Yn 2010 wie se in hoartsje ferslachjouster foar it programma NOS Headlines.

Nei't Aicha Marghadi yn septimber 2012 by de NOS weigie, waard hja as presintatrise fan it Sportjournaal, it sportblok fan it NOS Journaal, opfolge troch Op het Veld en Sjoerd van Ramshorst. Letter waard Op het Veld ek presintatrise fan it sportprogramma Studio Sport en fan live-útstjoerings fan grutte sporteveneminten, lykas de Omgong fan Frankryk en it tennistoernoai Roland Garros.

Yn 2014 wie Op het Veld fierders ien fan 'e presintators fan it moarnsprogramma fan 'e Olympyske Winterspullen yn Sotsji en fersoarge se ûnder it Wrâldkampioenskip Fuotbal yn Brazylje yn 'e mande mei har kollega's fan it NOS Journaal it programma NOS Zomerochtend. Yn 2016 presintearre Op het Veld de Nederlânske útstjoerings fan 'e Olympyske Spullen yn Rio de Janeiro.

Priveelibben

bewurkje seksje

Op het Veld folget njonken har wurk in stúdzje media en kultuer oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Hja is lesbysk en hat in relaasje mei de eardere mearkampster Jolanda Keizer.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: