A4
A4 is in papierformaat foar typmasine- en printerpapier dat yn Jeropa en Japan en in grut diel fan 'e rest fan 'e wrâld it measte brûkt wurdt. De term A4 is sà ynboargere rekke, dat men yn Nederlân gauris sprekt fan "in A4-ke" as men doelt op in koarte tekst of in lytse hoemannichte ynformaasje yn it algemien. Yn 'e Feriene Steaten, Kanada, Meksiko, Kosta Rika, Panama, de Dominikaanske Republyk, Kolombia, Fenezuëla, Sily en de Filipinen wurdt ynstee fan A4 gebrûk makke fan in oar papierformaat fan hast (mar net hielendal) gelikense grutte: US Letter.
Skiednis
bewurkje seksjeA4 waard oarspronklik definiëarre troch in DIN-noarmearring (om persiis te wêzen DIN 476 út 1922) fan it Deutsches Institut für Normung. Letter is it troch de Ynternasjonale Organisaasje foar Standerdisaasje (ISO) oernommen as de hjoeddeistige noarm ISO 216. Fral yn Dútslân wurdt A4 noch wol as "DIN A4" oantsjut.
Ofmjittings
bewurkje seksjeA4 mjit 210 by 297 mm, oftewol 21,0 by 29,7 sm. De "4" tsjut derop dat A4 like grut is as in fel A0-papier dat fjouwer kear troch de helte dien is. A0 hat in oerflak fan persiis 1 m² en in lingte-breedteferhâlding fan √2:1. A4 hat dêrom in oerflak fan 1/2 × 1/2 × 1/2 × 1/2 = 1/16 m², mei deselde lingte-breedteferhâlding as A0. Ta ferliking: US Letter mjit 81/2 by 11 inch (21,59 by 27,94 sm). A3 is in papierformaat dat dûbel sa grut is as A4, wylst A5 in papierformaat is dat heal sa grut is as A4.
Massa
bewurkje seksjeAs de massa fan A4 net spesifyk oanjûn wurdt, kin men der oer it algemien fan útgean dat it giet om 80 grams papier. Dy oantsjutting is ôflaat fan 'e massa fan ien fel A0-papier. De eigentlike massa fan ien fel A4-papier is dus 80/16 = 5 g. Ek dûbeltsjûk A4-papier fan 160 g is rûnom yn kantoarboekhannels te krijen, mar oars as 80 grams A4, dat almeast yn pakken fan 500 fel ferkocht wurde, besteane pakken 160 grams A4 ornaris út 250 fellen. Dêrmei bliuwt it gewicht per pak dus gelyk.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.
|