Abdij fan Cerisy-la-Forêt

De Abdij fan Cerisy-la-Forêt wie in oan biskop Vigorus wijde abdij yn Normandje. Fan de oarspronklike gebouwen is in part fan 'e abdijtsjerke en de Sint-Gerbolduskapel bewarre bleaun.

Abdij fan Cerisy-la-Forêt

Abbaye de Cerisy-la-Forêt

Lokaasje
lân Frankryk
regio Normandje
departemint Manche
plak Cerisy-la-Forêt
koördinaten 49° 11' N 55° 57' W
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Coutances
oarde Benediktinen
oprjochting 1040
opheffing 1790
Ynformaasje bou
boustyl Romaanske arsjitektuer, gotyk
Webside
Offisjele side fan de abdijtsjerke
Kaart
Abdij fan Cerisy-la-Forêt (Frankryk)
Abdij fan Cerisy-la-Forêt

De abdij stie yn Cerisy-la-Forêt (tichteby Saint-Lô yn it departemint Manche) en folge de benediktynske rigel. De abdij mocht de titel keninklike abdij drage en stie dus ûnder de beskerming fan de kening fan Frankryk.

Yn 1032 stifte hartoch Robert de Duvel de abdij en skonk tagelyk de abdij besit mei privileezjes. De oan de earste biskop fan Bayeux wijde abdij waard foar de omkriten in wichtich ekonomysk en yntellektueel sintrum en ferskillende kearen brochten Frânske kenings in besite oan de abdij. De abdij telde ûnder de muontsen ferskillende yntellektuelen en hie in grut tal úthôven, dy't mei harren bydragen foar in ûnbidich grut ynkommen soargen.

 
Sint-Gerbolduskapel

Tsjin it ein fan de midsiuwen makke de abdij in tiid fan ferfal mei. De abdij krige in kommendatêre abt. Dat betsjutte dat de abt langer net troch de mienskip keazen waard en in leek wêze koe. Fakentiden wenne de abt net iens yn de abdij, mar hy profitearre wol fan de ynkomsten. Mei de komst fan de herfoarmjende mauristen yn 1715 bloeide de abdij wer op en waarden der nije bedriuwsgebouwen tafoege.

Mei it útbrekken fan de Frânske Revolúsje yn 1790 waarden de lêste muontsen ferjage en de abdijtsjerke waard de iennige parochytsjerke fan it doarp Cerisy-la-Forêt. De gebouwen waarden nasjonalisearre en ferkocht foar ôfbraak; it frijkommen boumateriaal brûkt foar de oanlis fan wegen en de bou fan hûzen. Ek de lannerijen waarden ferkocht. Ien kleastergebou mei de dêrboppe lizzende goatyske 13e-iuwske Sint-Gerebolduskapel waarden ferkocht oan de abdij-pleats, dy't it gebou konservearre.

Yn 1811 waard tsjin it sin fan de preester besletten om fjouwer romaanske traveeën en in 13e-iuwsk goatysk portaal fan it tsjerkeskip fan de abdijtsjerke ôf te brekken. De tsjerke wie te grut en de lesten fan it ûnderhâld waarden te swier. De opbringst fan it boumateriaal waard brûkt om it restant fan de tsjerke te renovearjen.

Sûnt 1840 is de tsjerke in histoarysk monumint. De rest fan de abdij krige dy status yn 1938.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.