Across the Wide Missouri (boek)
Across the Wide Missouri is in non-fiksjewurk fan 'e hân fan 'e Amerikaanske histoarikus Bernard DeVoto. It hat in perioade út 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten as ûnderwerp. De titel betsjut: "De Brede Missouri Oer", en is ôflaat fan in regel út it tradisjonele Amerikaanske folksferske Oh Shenandoah, dat sels ek wol bekend stiet as Across the Wide Missouri. It boek is it twadde diel út in trilogy dy't fierders The Year of Decision (1942) en The Course of Empire (1952) omfettet. Across the Wide Missouri waard yn 1947 publisearre troch útjouwerij Houghton Mifflin.
Across the Wide Missouri | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Bernard DeVoto | |
taal | Ingelsk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | skiednis | |
1e publikaasje | 1947, Boston/New York | |
oarspr. útjwr. | Houghton Mifflin | |
prizen | Pulitzer Prize for History 1948 |
Ynhâld
bewurkje seksjeAcross the Wide Missouri behannelet de heechtijdagen fan 'e pelshannel yn 'e 1830-er jierren oan 'e Amerikaanske frontier, yn wat neitiid bekend komme soe te stean as it Wylde Westen. Behalven op 'e ekonomyske aspekten fan 'e pelshannel wurdt ek fral yngien op 'e spannings en konflikten tusken de blanke pelsjagers en de ûnderskate Yndiaanske folken oan 'e bopperin fan 'e rivier de Missouri.
Untfangst
bewurkje seksjeAcross the Wide Missouri waard mei loovjende resinsjes ûntfongen. It boek waard yn 1948 bekroand mei de prestizjeuze Pulitzer Prize for History. Yn 1951 waard it adaptearre ta de film mei deselde namme, mei yn 'e haadrollen Clark Gable en María Elena Marqués.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |