South Australian Film Corporation

(Trochferwiisd fan Adelaide Studios)

De South Australian Film Corporation (Ingelsk foar "Súdaustralyske Filmkorporaasje"), gauris ôfkoarte ta SAFC, is Australysk steatsbedriuw dat yn 1972 oprjochte waard troch it regear fan 'e dielsteat Súd-Austraalje. It doel fan 'e organisaasje is om 'e produksje fan films en tillefyzjesearjes yn Súd-Austraalje te promoatsjen en te fasilitearjen, om sa mear ynkomsten nei de dielsteat ta te heljen en de regionale ekonomy oan te fiterjen. It haadkertier fan 'e SAFC is fêstige yn 'e Súdaustralyske haadstêd Adelaide.

South Australian Film Corporation
It gebou yn Adelaide dêr't de SAFC fêstige is.
It gebou yn Adelaide dêr't de SAFC fêstige is.
algemiene ynformaasje
ôfkoarting SAFC
nasjonaliteit Australysk
type org. steatsbedriuw
wurkmêd film- en tillefyzjeyndustry
haadkertier Adelaide (Súd-Austraalje)
oprjochte 1972
offisjele webside
www.safilm.com.au

De SAFC fungearret as in troch it Súdaustralyske regear finansierde filmstudio, dy't sels film en tillefyzjeproduksjes makket, of ko-produksjes yn gearwurking mei oare studio's. De organisaasje fasilitearret ek de produksjes fan trêden fia de Adelaide Studios, in hypermodern film- en tillefyzjestudiokompleks dat yn 2011 foar de priis fan 43 miljoen Australyske dollar boud waard yn Glennside, in eastlike foarstêd fan Adelaide. Dêrnjonken fasilitearret de SAFC ek de opnamen fan films en tillefyzjesearjes troch trêden op lokaasje yn oare dielen fan Súd-Austraalje.

Ien fan 'e bekendste produksjes dy't troch de SAFC fasilitearre waarden, wie de soapsearje McLeod's Daughters, dy't fan 2001 oant en mei 2009 op it plattelân fan Súd-Austraalje filme waard.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.