Aesgamastate
De Aesgamastate, ek: Plantenhove, Linia's hoeve, Talma Hoeve stie op it stee dêr’t no de Linia's hoeve stiet, oan de Doniawei nr. 73 yn Damwâld, gemeente Dantumadiel. De Aesgamastate wurdt foar it earst neamd yn 1467. It hûs dat nu Talma Hoeve hjit wurdt brûkt as konferinsjeoard.
Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis fan Aesgamastate begjint mei Hessel Aesgama, dy’t yn 1467 in lânruil oangie mei Gaithie Iwesma fan Rinsumageast. Dêrnei komme wy Jasper Aesgama tsjin, dy’t neffens it Stamboek in soan fan Hessel is. Yn 1511 wurdt in Jasper Aesgama neamd, dy’t yn Dantmawâld 74 pûnsmiet lân oanjoech, dat er sels brûkte. Dit sil om deselde persoan gean. Nei alle gedachten wie Jasper anti-Boergonjesk, want yn 1516 krige Jeppe fan Stania fan de wyls oan de macht kommen Boergonjers tastimming skea dy’t 'Syds Wobbesz en Jasper in Dantummawold' oanrjochte hie op har te ferheljen. Jasper wie troud mei Tiepck Tiepckesdr. Tzallingha (fan Hantum). Jasper moat foar 1539 ferstoarn wêze, want yn dat jier makke syn skoansoan Tjalling fan Mockema in regeling mei syn widdo oer replik guod dat Jasper neilitten hie.
- 17e iuw
Pas yn 1640 is der wer wat bekend oer de state. Eigener is dan âld-hopman Taeke Lieuwesz; yn 1698 is ek dit goed yn hannen fan Tiaerd fan Aylva yn Rinsumageast, dy’t it hûs ferhiert. Ek nei syn dea wurdt it hûs troch syn erfgenamten ferhierd, ûnder oare troch mefrou Juliana Wilhelmina van Schratenbach yn de midden fan de 18e iuw. Fia har erfgenamte kaam it hûs yn hannen fan J.B. de Coninck dy’t it ferkocht oan sekretaris Willem Bergsma; dizze wie it kenlik allinnich om it de by it hoarnleger hearrende stim te dwaan. Hy joech it gehiel oan syn soan P.A. Bergsma ûnder betingst dat de schenker an sig behoudt de materialen tot de huisinge behoorende, die de schenknemer tot zijn kosten af zal breken.
- 18e iuw
Pieter Adrianus Bergsma stichte in nij hûs op it âlde hoarnleger en feroare de namme yn Plantenhove. Pieter Adrianus waard grytman fan Dongeradiel. Hy die in soad om de kwinende lânbou yn dit diel fan Fryslân wer produktyf te meitsjen. Sa liet er tabak ferbouwe en in tabaksskuorre sette. Kaam dit net ta bloei, de ferbou fan sûkerei gie better en lei him gjin wynaaien. Hy liet syn tún útwreidzje oer de dyk nei it suden. Hjir kamen in boskje, fivers, plantsoenen en in berch, mei oare wurden, in lânskiplike tún waard oanlein. Yn it oproerjier 1797 waard Bergsma finzen nomd; mar letter wer frijlitten, wêrnei’t hy it lykwols net wer ta grytman brocht. Dat wie foar syn soan Jacobus Johannes weilein, dy’t oant 1845 dizze funksje ferfolde en op Plantenhove wenne.
It goed wurdt dan ferkocht oan Broer P. Plantenga en omskreaun as een aanzienlijk en zeer aangenaam gelegen buitengoed met een hechte en welonderhoudenen Heerenhuizinge, voorzien van onderscheidene net behangen kamers, twee ruime woonkelders, twee wijn- en een provisiekelder, een ruime keuken, twee koets- en wagenhuizen'. Fierders 'een grote bloemenkast, broeibakken, een tuinmanshuis, een orangerie, honderd zware opgaande eiken en andere boomen, een vischvijver en Berg.
- 19e iuw
De Plantenga’s hawwe der mar sân jier wenne en dienen it hûs oer oan notaris Van Riesen, dy’t de oertún útrûgje liet. Ek syn opfolger notaris W.H. Hellema bewenne Plantenhove. Dy syn soan H.W. Hellema liet Plantenhove ôfbrekke yn 1906 en ferfange troch in pleats mei de namme Linia's Hoeve. Yn 1929 ferkocht hy it hûs oan de ‘'Chr. vereniging tot verzorging van ouden van dagen’', de Talma-Stichting. Der is gjin ôfbyld fan de Aesgamastate.
Plantenhove
bewurkje seksjeFan Plantenhove is in âlde foto bewarre bleaun. Op dizze foto stiet it hûs, dêr’t yn jiertalankers it jiertal 1765 op te sjen is. Dit sil de stichtingsdatum fan it hûs wêze.
It bestie út in ûnderkeldere haadfleugel mei wat foarspringend middenrisalyt, dat yn in hege saneamde Flaamske gevel einige. Dizze hie in klokgevelfoarm en hie twa finsters boppe elkoar, wêrút blykt, dat it hege dak fan de haadfleugel in souderferdjipping en in fliering hie. Op de hoeken stienen grutte skoarstiens mei buorden. De haadferdjipping wie lâns in bordes mei sierlik smeide linings berikber. De finsters hienen yn de lêste faze fan it hûs 6 ruten. Oan de sydkant wienen noch foarspringende tsjinstfleugels, dy’t oan de sydkant blyn wienen, omdat der treillaazjes foar klimplanten tsjinoan sieten. De linkerfleugel hie oan de efterside in skoarstien, dy't oan de rjochterfleugel ûntbrekt. Foar it hûs sjocht men tusken twa beammen in túnbyld dat no noch yn de tún stiet fan de yn 1906 boude Linia's Hoeve. It stelt in hast neakene jonge faun foar, mei allinnich in liuwehûd omgurle; de rjochterhân is omheech stutsen en draacht in krúk, de linker rêst op in wyngerdstamme mei druven. Fan Plantenhove sille fierder noch de homeiepeallen mei 18e-iuwske bollen komme, wêrfan trije noch geef binne. Yn de tún steane der noch twa op lege fuotstikken.
Achterop it eastlik oangrinzjende terrein, dat mooglik ek by Plantenhove heard hat, stiet in rjochthoekich gebou mei ferdjipping ûnder sealtek tusken topgevels en mei finsters ferdield troch roeden yn lytse ruten. Mooglik wie dit it túnmanshûs mei oranjery, dat yn 1845 neamd wurdt. Dêrfoar leit in sirkelrûne fiver.
Op it terrein stiet ek noch in teekoepel út de 20e iuw.
Bewenners
bewurkje seksje- 1467 Hessel Aesgama
- ± 1511 - ± 1539 Jasper Aesgama
- 1539 Tjalling van Mockema
- 1640 Taeke Lieuwesz
- 1698 Tiaerd fan Aylva yn Rinsumageast
- J.B. de Coninck
- Willem Bergsma
- ± 1765 Pieter Adrianus Bergsma
- - 1845 Jacobus Johannes Bergsma
- 1845 - 1852 Broer P. Plantenga
- 1852 notaris van Riesen
- notaris W.H. Hellema
- ± 1906 H.W. Hellema
- 1929 'Chr. vereniging tot verzorging van ouden van dagen', de Talma-Stichting
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |