Afrikaanske leppelbek

De Afrikaanske leppelbek (Platalea alba) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e wylpreagerfûgels (Threskiornithidae).

Afrikaanske leppelbek
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai leppelbekken (Platalea)
soarte
Platalea alba
Scopoli, 1786
IUCN-status: net bedrige
 
Afrikaanske leppelbek yn Súd-Afrika.

Mei 90 sm is de Afrikaanske leppebek likernôch like grut as de Europeeske leppelbek. It fearrekleed is suver wyt, de poaten binne rôzeread en it gesicht is read. De snaffel is griis en hat reade rânen.

De fûgels libje yn grutte, ûndjippe wiete gebieten by marren, rivieren, opslachmarren ensafuorthinne. It iten bestiet út lytse fisken, wringeleazen, kreeften en ynsekten. Der is gjin fêste briedtiid, dy't ôfhinklik is fan it ferspriedingsgebiet en fan it fallen fan rein. Yn it west fan Afrika briedt de fûgel yn 'e drûge tiid, yn East- en Sintraal-Afrika meast yn 'e reintiid en yn Súd-Afrika yn 'e winter of iere maitiid. De fûgels bouwe in grut ovaal nêst fan tûken en reit yn beammen boppe wetter. Afrikaanske leppelbekken briede yn koloanjes fan 5 oant 20 pearkes, somtiden sels oant 250 pearkes, leafst mei oare fûgelsoarten. Ek bûten de briedtiid is it in sosjale fûgel, dy't tegearre foerazjearje en rêste.

 
Foerazjearjende Afrikaanske leppelbekken.

Afrikaanske leppelbekken foerazjearje yn leech wetter troch mei de snaffel hinne en wer te swyljen. De fûgel is foar in part in trekfûgel en siket by drûchte om wietere gebieten.

Fersprieding en systematyk

bewurkje seksje

De fûgel komt yn in grut part fan Afrika súd fan 'e Sahara foar. Ut en troch wurdt de Afrikaanske leppelbek ek sjoen yn Jemen, dêr't de fûgel besocht hat te brieden. Yn Oman is it in dwaalgast. Ek yn Europeeske lannen lykas Nederlân komt de fûgel wolris as dwaalgast foar.[1] De Afrikaanske leppelbek is monotypysk, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne.

De Afrikaanske leppelbek hat in grut ferspriedingsgebiet. Yn Madagaskar wurdt de soarte earnstich bedrige troch de ferneatiging fan ferskillende koloanjes. Ek hat de soarte te lijen fan it drûchlizzen fan wiete gebieten. Doch klassifisearret de IUCN de fûgel op 'e Reade list as net bedrige. Der wurdt oannommen dat de populaasje oer it generaal stabyl is en it oantal wurdt neffens BirdLife International tusken de 7.300 en 73.000 folwoeksen fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: