Age Wigers Schoonhoven

Age Wigers Schoonhoven (Warkum, 9 juny 1813 – dêre, 4 april 1869), wie in bûterkeapman en ien fan de foaroanmannen fan it Fryske Réveil.

Age Wigers Schoonhoven

Syn heit Wiger A. Schoonhoven, stie al yn geregelde briefwikseling mei Willem Bilderdijk. De soan stie yn libbene betrekking mei Capadose, da Costa, de Liefde en oare Réveilmannen. Op syn inisjatyf waard yn Warkum oprjochte de ‘Vereeniging tot heil des volks’, dy't evangelisearre en traktaten fersprate; fierder organisearre hy yn syn wenplak de ressortsgearkomsten fan de provinsjale "Vereeniging der Waarheidsvrienden" en joech de oanset ta oprjochting fan in kristlike skoalle yn 1858. Hy waard yn 1858 keazen ta lid fan de Provinsjale Steaten, mar betanke. Jierrenlang wie hy wethâlder. Hy stie bekend as in fûleinige freon fan it Oranjehûs. De prins fan Oranje brocht him yn 1852 in besite mei syn gûverneur jhr. de Casembroot.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wumkes yn it tydskrift "Yn ús eigen Tael", 1910, siden 133-153
  • NNBW
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Schoonhoven, Age Wiegers.