Aichach-Friedberg
De Lânkring Aichach-Friedberg is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De Kreisstadt is Aichach.
Aichach-Friedberg | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 137.334 (2022) | |
Oerflak | 780,23 km² | |
Befolkingsticht. | 176 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Beieren | |
Regierungsbezirk | Swaben | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Münchener Straße 9 86551 Aichach | |
Koördinaten | 48° 25' N 11° 3' E | |
Oprjochting | 1972 | |
Yndieling | 24 gemeenten | |
Kenteken | AIC, FDB | |
Kreiskaai | 09 7 71 | |
Webside | lra-aic-fdb.de |
It distrikt hat foar in grut part in lannelik karakter. Gruttere plakken binne Friedberg, Aichach en Dasing en yn it suden Mering en Kissing. De rivier de Lech foarmet foar in grut part de westlike grins fan 'e lânkring. De Paar, in sydrivier fan 'e Donau, streamt fan it súdwest fan 'e lânkring troch Aichach nei it noardeasten, dêr't de rivier de lânkring wer ferlit.
De krite is ek bekend as Wittelsbacher Land, in de namme dy't referearret oan it kastiel fan Wittelsbach by Aichach. Dy famylje hearske iuwenlang oer Beieren en dêrom wurdt de krite ek wol de widze fan Beieren neamd. Histoarysk heart it gebiet dan ek net by Swaben, mar by Aldbeieren. It kastiel waard yn 1208 mei de grûn lyk makke en dêr is fierder neat mear fan oer.
Stêden en gemeenten
bewurkje seksjeYn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten (ynwenners op 31.12.2022):
Stêden
|
Gemeenten
|
(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Aichach-Friedberg
|