Deggendorf (Landkreis)

De Lânkring Deggendorf is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. It distrikt waard yn syn hjoeddeistige foarm yn 1972 oprjochte.

Deggendorf (Landkreis)
wapen
Statistyk
Ynwennertal 122.121 (2022)
Oerflak 861,14 km²
Befolkingsticht. 142 ynw./km²
Polityk
Lân flagge fan Dútslân Dútslân
Dielsteat Beieren
Regierungsbezirk Niederbayern
Oar
Adres bestjoer Herrenstraße 18
94469 Deggendorf
Koördinaten 48° 19' N 11° 21' E
Oprjochting 1972
Yndieling 26 gemeenten
Kenteken DAH
Kreiskaai 09 1 74
Webside landkreis-deggendorf.de

Geografysk wurdt de lânkring Deggendorf troch de Donau yn twa dielen snien: it lânskip fan 'e iene helte bestiet út de útrinner fan it Bayerischer Wald, de oare helte bestiet út de fruchtbere flaktes fan it Gäuboden. Dêrnjonken mûnet yn 'e lânkring de Isar yn 'e Donau. De lokaasje yn it Bayerische Wald en yn it Bayerische Golf- & Thermenland makket fan 'e lânkring in populêre toeristyske bestimming.

Stêden en gemeenten

bewurkje seksje

De lânkring bestiet út 26 gemeenten. Trije dêrfan binne in stêd en fjouwer binne Märkte. In oantal lytse gemeenten hawwe harren oansletten by in Verwaltungsgemeinschaft, dy't taken fan de gemeente oernimt. De neamde ynwennertallen efter de gemeenten binne fan 22 desimber 2024.

 
Yndieling lânkring neffens gemeenten

Stêden

  1. Deggendorf, Große Kreisstadt (35.172)
  2. Osterhofen (12.171)
  3. Plattling (13.121)

Märkte

  1. Hengersberg (8.070)
  2. Metten (4.216)
  3. Schöllnach (4.928)
  4. Winzer (3.805)

Verwaltungsgemeinschaften (*)

  1. Lalling
    (Dielnimmende gemeenten: Grattersdorf, Hunding, Lalling en Schaufling).
  2. Moos
    (Dielnimmende gemeenten: Buchhofen en Moos).
  3. Oberpöring
    (Dielnimmende gemeenten: Oberpöring, Otzing en Wallerfing).
  4. Schöllnach
    (Dielnimmende gemeenten: Außernzell en Markt Schöllnach).

Oare gemeenten

  1. Aholming (2.363)
  2. Auerbach (2.141)
  3. Außernzell (1.520)
  4. Bernried (4.761)
  5. Buchhofen (937)
  6. Grafling (2.748)
  7. Grattersdorf (1.313)
  8. Hunding (1.128)
  9. Iggensbach (2.216)
  10. Künzing (3.197)
  11. Lalling (1.631)
  12. Moos (2.348)
  13. Niederalteich (1.790)
  14. Oberpöring (1.212)
  15. Offenberg (3.396)
  16. Otzing (1.961)
  17. Schaufling (1.525)
  18. Stephansposching (3.177)
  19. Wallerfing (1.274)

Gemeentefrije gebieten

  1. gjin.

(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Lânkring Deggendorf


 
Beieren
 
Regierungsbezirke

Middelfranken - NederbeierenNederfrankenOpperbeieren - Opperfranken - Opperpalts - Swaben

Landkreise
Aichach-Friedberg - Altötting - Amberg-Sulzbach - Ansbach - Aschaffenburg - Augsburg - Bad Kissingen - Bad Tölz-Wolfratshausen - Bamberg - Bayreuth - Berchtesgadener Land - Cham - Coburg - Dachau - Deggendorf - Dillingen an der Donau - Dingolfing-Landau - Donau-Ries - Ebersberg - Eichstätt - Erding - Erlangen-Höchstadt - Forchheim - Freising - Freyung-Grafenau - Fürstenfeldbruck - Fürth - Garmisch-Partenkirchen - Günzburg - Haßberge - Hof - Kelheim - Kitzingen - Kronach - Kulmbach - Landsberg am Lech - Landshut - Lichtenfels - Lindau - Main-Spessart - Miesbach - Miltenberch - Mühldorf am Inn - München - Neuburg-Schrobenhausen - Neumarkt in der Oberpfalz - Neustadt an der Aisch-Bad Windsheim - Neustadt an der Waldnaab - Neu-Ulm - Nürnberger Land - Oberallgäu - Ostallgäu - Passau - Pfaffenhofen an der Ilm - Regen - Regensburg - Rhön-Grabfeld - Rosenheim - Roth - Rottal-Inn - Schwandorf - Schweinfurt - Starnberg - Straubing-Bogen - Tirschenreuth - Traunstein - Unterallgäu - Weilheim-Schongau - Weißenburg-Gunzenhausen - Wunsiedel im Fichtelgebirge - Würzburg

Kreisfreie Städte
Amberg - Ansbach - Aschaffenburch - Augsburg - Bamberch - Bayreuth - Coburg - Erlangen - Freising - Fürth - Hof - Ingolstadt - Kaufbeuren - Kempten - Landshut - Memmingen - München - Neurenberch - Passau - Regensburg - Rosenheim - Schwabach - Schweinfurt - Straubing - Weiden - Würzburg