Beierske Wâld

(Trochferwiisd fan Bayerischer Wald)

It Beierske Wâld (Dútsk: Bayerischer Wald of, minder gongber, Bayernwald; Beiersk: Boarischa Woid) is in middelberchtme dat yn it súdewesten fan Dútslân leit, tsjin 'e grinzen mei Tsjechje en Eastenryk oan. Geologysk en geografysk is it Beierske Wâld ûnderdiel fan it gruttere Boheemske Wâld, dat it heechste part fan it Boheemske Massyf foarmet. Mar om poer steatspolitike redens hat it berchtme yn Dútslân in oare namme. It leit yn it bûnslân Beieren. De namme Wald (Dútsk foar "wâld") komt út in tiid dat de iennichst oerbleaune ûnoantaaste boskgebieten yn bercheftige kriten leine, mei't se op alle oare plakken kappe wie om lânbou mooglik te meitsjen.

Beierske Wâld
  berchtme
geografy
diel fan Boheemske Wâld
regio Súd-Dútslân
lân Dútslân
bûnslân Beieren
sifers
oerflak ±4.750 km²
lingte 100 km
breedte 30 km
heechste punt Grutte Arber
hichte 1.456 m
geology
yndieling middelberchtme
âldens 539–252 miljoen jr
stiensoarte metamorf stiente en granyt
kaart
De lizzing fan it Beierske Wâld yn Dútslân.

It Beierske Wâld leit yn Súd-Dútslân en makket diel út fan it bûnslân Beieren. It rint fan it noardwesten nei it súdeasten en leit tsjin 'e grinzen mei Tsjechje en Eastenryk oan. It heart foar it meastepart ta it Regierungsbezirk (distrikt) Nederbeieren, mar de noardpunt leit yn it Regierungsbezirk Opperpalts. Geografysk en geologysk is it Beierske Wâld in part fan it gruttere Boheemske Wâld, dat ek it súdwesten fan Bohemen, yn Tsjechje, en it noarwesten fan Opper-Eastenryk, yn Eastenryk, omfiemet. Om steatspolitike redens hat it berchtme yn Dútslân lykwols in oare namme en wurdt de oantsjutting "Boheemske Wâld" (Böhmerwald) dêr inkeld brûkt foar it Tsjechyske diel. (Foar it Eastenrykske diel fan it berchtme sprekt men wol fan it Boheemske Wâld.)

 
It doarp Zell yn it Zellertal.

Mei in lingte fan likernôch 100 km en in breedte fan sa'n 30 km is it Beierske Wâld nei de Alpen it grutste berchgebiet yn Beieren. It heechste punt, de Grutte Arber mei in hichte fan 1.456 m, is ek it heechste punt fan it hiele Boheemske Wâld. Oare hege bergen yn it Beierske Wâld binne yn folchoarder fan ôfrinnende hichte: de Grutte Rachel (1.453 m), de Lytse Rachel (1.399 m), de Lytse Arber (1.384 m), de Plattenhausenriegel (1.376 m), de Lusen (1.373 m), de Beierske Plöckenstein (1.365 m), de Steinfleckberg (1.341 m), de Mittagsplatzl (1.340 m), de Lackenberg (1.337 m), de Dreisesselberg (1.333 m), de Zwercheck (1.333 m) en de Grutte Falkenstein (1.315 m).

De grutste rivieren yn it Beierske Wâld binne de Regen en de Ilz, dy't beide sydstreamen fan 'e Donau binne. De wichtichste fan dy beiden is de Regen, dy't foarme wurdt troch de gearfloeiïng fan 'e Swarte en de Wite Regen en yn noardwestlike rjochting út it berchlân nei de dernei ferneamde stêd Regensburg streamt. De Regendelling (Regensenke) foarmet in grutte fallei dy't krekt as it Beierske Wâld sels fan it noardwesten nei it súdeasten rint, en dêrmei it berchtme midstwa spjalt: súdwestlik fan 'e Regendelling leit it (legere) Foarste Beierske Wâld (Vorderer Bayerischer Wald) en noardeastlik fan 'e bedelte, tsjin 'e Tsjechyske grins oan, leit it (hegere) Efterste Beierske Wâld (Hinterer Bayerischer Wald). Yn it súdwesten grinzget it Beierske Wâld oan in oar, leger berchtme, dat it Falkensteiner Foarwâld (Falkensteiner Vorwald) hjit, wylst it yn it noardwesten oan it Opperpaltsyske Wâld (Oberpfalzer Wald) buorret.

 
De Rachelsee, in troch gletsjers útsliten mar yn it Beierske Wâld.

As boskgebiet is it Beierske Wâld in restant fan it Hersynyske Wâld, dat yn 'e Romeinske Tiid hiel it suden fan Germaanje besloech. In lyts gebiet by de Tsjechyske grins lâns hat in beskerme status as it Nasjonaal Park It Beierske Wâld, mei in oerflak fan 240 km², dat yn 1970 ynsteld waard as it earste nasjonaal park yn Dútslân. It Natoerpark It Beierske Wâld, mei in legere beskerme status mar mei in folle grutter oerflak (3.008 km²) waard yn 1967 opjrochte. Dêrnjonken is der ek noch it Natoerpark It Opperbeierske Wâld, dat yn 1965 ynsteld waard en dat in oerflak beslacht fan 1.738 km². Mei-inoar foarmje dy trije gebieten it grutste oaniensletten beskerme natoergebiet fan Midden-Jeropa.

Geologysk sjoen makket it Beierske Wâld diel út it fan Boheemske Wâld. Dat is ien fan 'e âldste berchtmen fan Jeropa, dat 539–252 miljoen jier lyn ûntstien is yn it geologysk tiidrek fan it Paleosoïkum. It foarmet it heechste, mar tige ôfsliten diel fan it Boheemske Massyf. Behalven troch eroazje troch de wurking fan wyn en wetter is it Beierske Wâld yn 'e iistiden ek gâns tekene troch gletsjers. It grutte tal marren en morenes yn 'e krite binne dêr noch oerbliuwsels fan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.