Dillingen an der Donau (Landkreis)
De Lânkring Dillingen an der Donau is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De lânkring waard yn syn hjoeddeistige foarm yn 1972 oprjochte. Große Kreisstadt fan 'e lânkring is Dillingen an der Donau.
Lânkring Dillingen an der Donau | ||
wapen | ||
Statistyk | ||
Ynwennertal | 99.109 (2022) | |
Oerflak | 792,23 km² | |
Befolkingsticht. | 125 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Beieren | |
Regierungsbezirk | Swaben | |
Oar | ||
Adres bestjoer | Große Allee 24 89407 Dillingen an der Donau | |
Koördinaten | 48° 25' N 11° 3' E | |
Oprjochting | 1972 | |
Yndieling | 27 gemeenten | |
Kenteken | DLG, WER | |
Kreiskaai | 09 7 73 | |
Webside | landkreis-dillingen.de |
Geografy
bewurkje seksjeTroch de lânkring streamt de Donau, dy't fanút it súdwest nei it noardeast oer in lingte fan 27 km de lânkring midstwa snijt. De rivier hat in typysk greidelânskip mei bosk efterlitten, dat ûnder natuerbeskerming stiet. De minske makke dêrnjonken in soad baggermarkes. Súd fan 'e rivier leit it Donauried, dat oant de 19e iuw faak lêst fan oerstreamings hie. Hjoed-de-dei wurdt it Donauried as greide brûkt en oan syn rânen grinzgje útwrydske ikkerlannen. Fierder súdlik ûntstiet it heuvellân fan 'e Zusamdelling, dat by it natoerpark Augsburg-Westliche Wälder heart. De Zusam is in lytse sydrivier fan 'e Donau, dy't súd fan Donauwörth yn 'e Donau mûnet.
Op 'e lofter kant fan 'e Donau foarmet it noardlike gebiet fan 'e lânkring ûnderdiel de útrinners fan 'e Schwäbischen Alb.
De hichte fan 'e lânkring ferskilt tusken 403 boppe seenivo yn it Donauried by Schwenningen oant 610 boppe seenivo yn it Zöschinger Forst.
Gemeenten
bewurkje seksjeDe lânkring bestiet út fiif stêden, trije Märkte en 19 oare gemeenten. Ynwennertallen efter de gemeenten binne fan 31 desimber 2022.
|
Oare gemeenten
|
De lânkring hat seis saneamde Verwaltungsgemeinschaften:
- Gundelfingen an der Donau
(Dielnimmende gemeenten: de stêd Gundelfingen/Donau en de gemeenten Bächingen/Brenz, Haunsheim en Medlingen). - Höchstädt an der Donau
(Dielnimmende gemeenten: de stêd Höchstädt/Donau en de gemeenten Blindheim, Finningen, Lutzingen en Schwenningen). - Holzheim
(Dielnimmende gemeenten: de Markt Aislingen en de gemeenten Glött en Holzheim). - Syrgenstein
(Dielnimmende gemeenten: Bachhagel, Syrgenstein en Zöschingen). - Wertingen
(Dielnimmende gemeenten: de stêd Wertingen en de gemeenten Binswangen, Laugna, Villenbach en Zusamaltheim). - Wittislingen
(Dielnimmende gemeenten: de Markt Wittislingen en de gemeenten Mödingen en Ziertheim).
(*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Landkreis Dillingen an der Donau
|