Albertine Agnes fan Nassau
dochter fan steedhâlder Freark Hendrik en Amalia fan Solms (1634-1696)
(Trochferwiisd fan Albertina Agnes fan Oranje-Nassau)
Albertine Agnes fan Nassau (Den Haach, 9 april 1634 - It Oranjewâld, 24 maaie 1696 ), wie de fiifde dochter fan steedhâlder Freark Hendrik en Amalia fan Solms. Fia har stammet it hjoeddeiske Nederlânske keningshûs ôf fan Willem fan Oranje.
Albertine Agnes troude yn 1652 mei Willem Freark fan Nassau-Dietz (1613-1664). Ut dit houlik binne berne:
- Amalia (1655-1695), troud mei Johan Willem fan Saksen-Eisenach (1666-1729)
- Hindrik Casimir II (1657-1696), troud mei Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau (1666-1726)
Nei de dea fan har man Willem Freark yn 1664 waard se yn Fryslân regintesse foar har soan Hindrik Casimir II.
De basisskoalle fan It Oranjewâld is nei har neamd.