Alde- of Pelgrimvaderstsjerke
De Alde- of Pelgrimvaderstsjerke is in tsjerke oan 'e Aelbrechtskolk yn it histoaryske Delfshaven, gemeente Rotterdam.
Alde- of Pelgrimsvadertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Delfshaven | |
adres | Aelbrechtskolk 20 | |
koördinaten | 51° 54' N 4° 26' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN (Herfoarme gem.) | |
patroanhillige | Antonius Abt (oarspr.) | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 32871 | |
Webside | ||
Side Herfoarme gemeente Delfshaven | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn 1417 as Antoniuskapel boud en makke diel út fan 'e parochy Schoonderloo. Sûnt 1574 is it in protestansk tsjerkegebou. De ynternasjonale reputaasje hat de tsjerke te tankjen oan 'e Pilgrim Fathers. Ear't hja nei Amearika teagen, holden hja dêr harren lêste tsjinst yn Nederlân. Yn 'e Feriene Steaten draacht de tsjerke dan ek de namme Pilgrim Father Church
Yn 1761 fûn in grutte ferbouwing fan 'e gotyske tsjerke plak. It bouwurk waard doe mei 3,5 meter ferhege en út dy tiid stamt ek de hjoeddeiske foargevel mei it houten tuorke.
Sûnt 1998 is de tsjerke by de Stichting Oude Hollandse Kerken ûnderbrocht. Yn dy tiid fûn ek de lêste restauraasje plak. Ek it Bätz-Witte-oargel waard doe renovearre. De tsjerke wurdt brûkt troch de herfoarme gemeente fan Delfshaven.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn 'e tsjerke stiet in fjouwerkante preekstoel mei doopstek en twa bôgen út it twadde fearn fan 'e 18e iuw. Efter de preekstoel is in grut boerd mei in list yn 'e styl fan Loadewyk XV-XVI oanbrocht, dêr't de wurden fan 'e belidenis fan it leauwen op steane.
Dêrnjonken beskikt it gebou oer in karriljon mei fjouwerenfjirtich klokken. De tún fan 'e tsjerke is yn 'e âlde steat werom brocht.[1]
Oargel
bewurkje seksjeDe bou fan it earste oargel yn 'e tsjerke fûn yn 1757 plak. Likernôch in iuw letter waard it oargel ferfongen troch in ynstrumint fan Bätz en Co, in oargelbedriuw yn Utert, dat ûnder lieding stie fan 'e Dútser C.G.F. Witte. Yn 1855 wie it ynstrumint, dat op in moarmeren galerij kaam te stean, foltôge. Yn 1957 fûn in restauraasje plak wêrby guon dielen fan it oargel ferdwûnen en it ynstrumint in pear wizigings ûndergyng. Yn it begjin fan 2001 brocht de oargelmakkerij Steendam it oargel werom yn de steat fan 1855.[2]
It Bätz-Witte-oargel stie yn 1989 model foar it ynstrumint, dat Sicco Steendam foar de grifformearde tsjerke yn De Pein boude.[3]
Gebrûk
bewurkje seksjeDe herfoarme gemeente Delfshaven makket noch jimmeroan gebrûk fan 'e tsjerke. De gemeente is oansletten by de Protestanske Tsjerke yn Nederlân. Dêrnjonken fine der yn de tsjerke konserten, lêzings en útstallings plak. Ek kin de tsjerke hierd wurde foar trou- en routsjinsten.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|