Alde Ryd

(Trochferwiisd fan Alde Ried)

De Alde Ryd is in âld rivierke yn it fean, dat útkaam yn de Lauwers. It wie de basis fan de ûntginning fan de measte doarpen yn de gemeente Achtkarspelen. Op de noardlike wâl ûntstiene Bûtenpost en Twizel, oan de súdkant ûntstiene doarpen as Stynsgea, De Harkema, Droegeham en Koaten.

Hjoed de dei rint it wetter fan de Strobosser Trekfeart nei de Aldfeart benoarden Gerkeskleaster en Strobos. It stik fan de Aldfeart oant de Lauwers is eins ek noch in part fan de Alde Ryd. De Alde Ryd rint ûnder it spoar Bûtenpost-Grins troch.
Ek west fan de Strobosser Trekfeart, boppe de Dykhústerwei oant Lutkepost is de rin fan it rivierke noch wol te werkennen yn it lânskip.

De namme Alde Ryd jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oude Ried.