Aldheidkeamer Uldrik Bottema

Aldheidkeamer Uldrik Bottema is in âlheidkeamer yn De Waach oan de Waachstege fan Aldeboarn.

De waach fan Aldeboarn yn 2007

De waach út 1736 wie eigendom fan de herfoarme gemeente dy't it ek ferpachte as tsiis- en bûterwaach. Yn de waach waard ek rjocht sprutsen troch de gritenij. De Aldheidkeamer jout in byld fan Aldeboarn troch de iuwen hinne. Troch de opkomst fan de molkfabriken ferlear de bûter- en tsiiswaach syn funksje. De waach waard doe brûkt troch de gemeente Utingeradiel. Aldeboarn wie destiids haaddplak hjirfan. It gebou is yn 1987 ferkocht oan de Stichting Aldheidskeamer "Uldrik Bottema" dy't der de Aldheidkeamer yn ûnderbrocht hat. Letter is in romte foar wikseleksposysjes oanboud, de Humaldakeamer dy't neamd is nei de earste foarsitter fan de Stichting Paulus Anthonius Humalda (1928-2000). Hjir kinne ek byldzjend keunstners harren wurk tydlik eksposearje. De Stichting Aldheidkeamer "Uldrik Bottema" docht ek war om de pleatslike skiednis libben te hâlden middels swalkrûtes en it útjaan fan brosjueres.

Yn de âldheidkeamer steane makettes, foto's en gebrûksfoarwerpendy't yn byld jouwe fan de beroppen en ambachten yn Aldeboarn. Hjirfoar makke byldzjend keunstenaresse Carla van der Heijde in wand mei 24 diorama's dy't middels in gedicht út 1864 mear as 140 âlde beroppen toant.

Ek oan ferneamde Boarnsters wurdt omtinken jûn:

Op de boppeferdjipping hinget it Guozzeroer dêr't Rink van der Velde syn lêste roman oan wijd hat.

Keppeling om utens

bewurkje seksje