Haadmenu iepenje

Aleksander fan Bruce (broer fan Robert I)

Aleksander fan Bruce (Ingelsk: Alexander Bruce, Normandysk-Frânsk: Alexandre de Brus, Skotsk-Gaelysk Alasdair Bruis; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), ±1285Carlisle (Ingelân), mids febrewaris 1307) wie in Skotsk ealman dy't oan heitekant ek fan Normandysk en Iersk etnysk komôf wie. Hy wie in jongere broer fan kening Robert I fan Skotlân, en waard yn 1307 troch de Ingelsen terjochtsteld.

Aleksander fan Bruce
Crown linear.svg ealman en/of hearsker
nasjonaliteit Royal arms of Scotland.svg Skotsk
bertedatum ±1285
berteplak Kastiel fan Turnberry (Skotlân)
stjerdatum mids febrewaris 1307
stjerplak Carlisle (Ingelân)
dynasty Hûs Bruce
etnisiteit Flag of Normandy.svg Normandysk
Flag of Scotland.svg Skotsk
Flag of Ireland.svg Iersk

LibbenBewurkje

Aleksander wie in soan fan Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale, en dy syn frou Marjorie, grevinne fan Carrick. Hy kaam omtrint 1285 te wrâld, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, dat de residinsje fan 'e greven fan Carrick wie. Hy wie in jongere broer fan kening Robert I fan Skotlân, dy't yn 1306, ûnder de Skotske Unôfhinklikheidsoarloggen tsjin Ingelân, op 'e troan kaam. Aleksander liket yn 't earstoan foar in tsjerklik wurkpaad keazen te hawwen, mei't er deken fan Glasgow wie. Yn 'e Unôfhinklikheidsoarloggen naam er lykwols it swurd op om syn broer op it slachfjild te stypjen.

Yn febrewaris 1307, doe't hiel Skotlân suver noch troch de Ingelsen behearske waard, diene Robert fan Bruce en syn folgelingen yn twa groepkes in ynfal yn it súdwesten. Ien legerke, ûnder lieding fan himsels en syn broer Edwert, gie oan lân by it Kastiel fan Turnberry en sette yn Galloway útein mei in guerrilja-oarloch. It oare legerke, besteande út 'e bemanningen fan achttjin galeien, yn totaal sa'n 1.000 man, kaam in ein súdliker oan lân, by Stranraer. Oan it haad fan dizze kloft stiene de beide jongere bruorren Aleksander en Tomas fan Bruce, Malcolm MacQuillan, hear fan Kintyre en de ridder Reginald fan Crawford. Hja waarden lykwols al rillegau ynsletten en nei de Slach by Loch Ryan, op 9 en 10 febrewaris, ta oerjefte twongen troch pleatslike troepen ûnder Duncan MacDowall, in oanhinger fan Jan Comyn, greve fan Buchan, de aartsrivaal fan Robert fan Bruce.

Neitiid waard MacQuillan troch MacDowall daliks deadien, wylst Aleksander en Tomas mei Reginald fan Crawford oerdroegen waarden oan 'e Ingelsen, dy't harren oerbrochten nei Carlisle, yn noardlik Ingelân. Dêr waarden de beide bruorren mids febrewaris 1307 foar ferrie (oan 'e Ingelske kening Edwert I, dy't himsels ek kening fan Skotlân achte) ta de dea brocht waard troch yn it iepenbier ûnthalze te wurden.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.