Amerikaanske dwerchmûs

De Amerikaanske dwerchmûs (wittenskiplike namme: Baiomys taylori) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), de ûnderfamylje fan 'e Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae), de tûke fan 'e Amerikaanske dwerchmûzen en it lyknammige skaai fan 'e Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomys). Dizze soarte komt foar yn 'e súdlike Feriene Steaten oant yn sintraal Meksiko, en wurdt ek wol de noardlike Amerikaanske dwerchmûs neamd, om him te ûnderskieden fan 'e nau besibbe súdlike Amerikaanske dwerchmûs (Baiomys musculus), út Midden-Amearika.

Amerikaanske dwerchmûs
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift kjifdieren (Rodentia)
famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
skaai Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomys)
soarte
Baiomys taylori
Thomas, 1887
IUCN-status: net bedrige

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

De Amerikaanske dwerchmûs hat trochinoar in kop-romplingte fan 5-6½ sm, mei in sturtlingte fan 3½-4½ sm en in gewicht fan 7-9 g. Dêrmei is it it lytste kjifdier fan Noard-Amearika. De pels is brún op 'e rêch en griis op 'e bealch.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Amerikaanske dwerchmûzen binne benammen yn 'e skimerperioaden aktyf. Se libje solitêr en hawwe in territoarium mei in trochsneed fan 30 m. Har nêst lizze se oan op in beskûle plak tusken opgeand leechhout of hegere boaiemfegetaasje. Se frette griene plantedielen en sieden. Fan alle soarten fan mûsfoarmigen út 'e Nije Wrâld binne de wyfkes fan 'e Amerikaanske dwerchmûs it betiidst geslachtsryp, nammentlik al mei 4 wiken.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.