Angelica Raven, echte namme: Ashley-Nicole Johnston (New York, 6 septimber 1983), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan mingd Angelsaksysk Amerikaansk en Yndiaansk etnysk komôf, wa har namme oft ek wol stavere wurdt as Angelika Raven en dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Becky Olson, Busty Becky en Vivvian Lee. Neffens har offisjele opjefte is se 1.60 m, mei in gewicht fan 64 kg en kupmaat 37D.

Angelica Raven
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Angelika Raven, Becky Olson,
Busty Becky, Vivvian Lee
echte namme Ashley-Nicole Johnston
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 septimber 1983
berteplak New York (New York)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Yndiaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, stripper,
pornoaktrise
jierren aktyf 2004 – no
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Angelica Raven waard yn 1983 berne yn 'e stêd New York, yn 'e wyk De Bronx, mar har gesin ferfear guon jierren letter nei de steat Tennessee, dêr't se nei de middelbere skoalle gie yn it plak Soddy Daise. Se helle har diploma yn 2001, en troude noch datselde jiers. Har earste betelle baan hie se yn in restaurant fan it keatling O'Charley's. Yn 2004, doe't se 21 jier wie, rûn har houlik op in skieding út en koart dêrnei makke se har debút yn in pornografyske film.

Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat Raven sûnt yn mear as 80 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Evil Angel, Zero Tolerance, New Sensations, Elegant Angel, Jules Jordan Video, Adam & Eve, Anabolic Video, Penthouse, Hustler Video, Diabolic Video, Red Light District, Pure Play Media, Devil's Film, Score en Shane's World. Ek hat se wol wurke foar pornosites as Reality Kings en Kink.com. Yn 2010 waard Raven nominearre foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Se wenne lange tiid yn en wurke fanút Atlanta, yn 'e steat Georgia, mar ferhuze begjin 2012 nei Los Angeles.

Prizen en nominaasjes bewurkje seksje

Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
2010 AVN Award nominearre bêste groepsekssêne (mei Charley Chase, Jackie Daniels, Gracie Glam en Pike Nelson) The Sex Files: A Dark XXX Parody

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: