Anje Lok
Andries (Anje) Lok (Sigerswâld, 8 desimber 1903 - Ravenswâld, 20 maaie 1944) wie in ûnderwizer en fersetsman yn de Twadde Wrâldkriich.
Libben en wurk
bewurkje seksjeLok waard berne as twadde yn in húshâlding fan sân bern. Hy studearre yn 1924 ôf oan de kweekskoalle yn Drachten. Dêrnei stie er in skoftke oan in skoalle yn Hoarnstersweach en dêrnei krige er in fêste baan yn Haulerwyk.
Master Lok wie fan 1930 oant 1944 haad fan de Iepenbiere Legere Skoalle oan de Tredde Wyk te Appelskea'. Lok hie in grutte leafde foar it ûnderwiis en wie maatskiplik en polityk ynteressearre. Hy wie aktyf lid fan de SDAP, pasifist, natuerman en fan de 'blauwe knoop' wie er ek.
Yn de Twadde Wrâldkriich die er mei oan it net wapene ferset. Hy fersoarge skûlplakken foar ûnderdûkers. Ek naam er it joadske jonkje Hans Slosch yn 'e hûs. Dy waard letter oerbrocht nei in oar adres om't op Lok syn skoalle de NSB'er Uilke Postma wurke. Op 20 maaie 1944 krige er de SS oan de doar en waard er fuortendaliks foar hûs deasketten. It gie hjir om in represaillemaatregel fan de Dútskers fanwegen de oanslach op lânwachter Kees Hartenhof troch fersetsman Gerrit Gunnink fan Meppel. Lok wie in slachtoffer fan de saneamde Silbertanne Aktion.
Lok wie troud mei Wietske Hoekstra (1904-1977) en hie in soan en dochter.
Neitins
bewurkje seksjeSûnt 1955 sit der in betinkingsstien (makke troch Nina Baanders-Kessler) yn de gevel fan de iepenbiere skoalle te Ravenswâld, dy't nei Master Lok neamd is. Teffens wurdt er betocht op it fersetsmonumint yn Appelskea.
Yn 1982 krige Lok postúm it Fersetsbetinkingskrús.[1]
De moard op Lok kaam yn 2009 opnij yn de belangstelling te stean troch de dokumintêre Nooit meer laf fan Geerjan Lassche. De dokumintêre giet oer de oarlochsjierren fan Gert Gunnink. Yn Nooit meer laf freget de dochter fan Lok wêrom 't Gunnink nei de oarloch nea kontakt mei it gesin socht hat, dêr 't Gunnink op andert dat er dat net doarst.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|