Ann Leckie (Toledo (Ohio), 2 maart 1966) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen dy't hearre ta de sjenres fan 'e science fiction en fantasy. Har debútroman Ancillary Justice waard yn 2014 bekroane mei de Hugo Award foar bêste roman (de wichtichste priis foar science fiction-literatuer), en wûn dêropta yn dyselde kategory de Nebula Award, de Arthur C. Clarke Award, de BSFA Award en de Locus Award, wat noch nea fertoand wie. Ek de ferfolchboeken Ancillary Sword en Ancillary Mercy waarden tige goed ûntfongen.

Ann Leckie
skriuwer
Leckie nimt de Hugo Award foar bêste roman yn ûntfangst (2014), foar Ancillary Justice.
Leckie nimt de Hugo Award foar bêste roman yn ûntfangst (2014), foar Ancillary Justice.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ann Leckie
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 2 maart 1966
berteplak Toledo (Ohio)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurk
taal Ingelsk
sjenre science fiction, fantasy
bekendste
  wurk(en)
Imperial Radch-trilogy
Provenance
útjouwer Orbit Books
prizen Nebula Award 2013
Hugo Award 2014
Locus Award 2014, '15 & '16
jierren aktyf 2006 – no
offisjele webside
www.annleckie.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Leckie waard berne yn Toledo, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, mar groeide op yn St. Louis, yn 'e steat Missoery. Hja studearre yn 1989 ôf yn musikology oan 'e Washington Universiteit yn St. Louis. Neitiid hie se in ferskaat oan banen, wêrûnder dy fan servearster, resepsjoniste, lânmjitster en opnamespesjaliste by in platemaatskippij.

Al yn har tinerjierren skreau Leckie science fiction-ferhalen, mar har besykjen om dat wurk publisearre te krijen, wie om 'e nocht. In romantysk koart ferhaal dat anonym yn it tydskrift True Confessions ferskynde, wie sawat har iennichste publikaasje út dy jierren. Nei't se yn 1996 en 2000 har beide bern krigen hie, brocht de ferfeling fan in bestean as húsmem har derta om it fannijs te besykjen.

De earste kladferzje fan wat úteinlik Ancillary Justice wurde soe, skreau Leckie yn it ramt fan 'e Nasjonale Romanskriuwmoanne yn 2002. Nei't se yn 2005 de Clarion West Writers Workshop fan Octavia Butler folge hie, skreau se de úteinlike ferzje fan Ancillary Justice oer in perioade fan seis jier. Yn dyselde snuorje skreau se dêrnjonken ek in grut tal koarte ferhalen, dy't se publisearre yn tydskriften as Subterranean Magazine, Strange Horizons en Realms of Fantasy. Fierders wie Leckie fan 2010 oant 2013 redaktrise fan Giganotosaurus, in online-tydskrift op it mêd fan science fiction- en fantasy, en tsjinne se fan 2012 oant 2013 as siktaris fan it skriuwersbûn Science Fiction and Fantasy Writers of America.

Yn 2012 joech de útjouwerij Orbit U.S. oan, Leckie har debútroman Ancillary Justice publisearje te wollen. Dat boek, it earste diel fan 'e Imperial Radch-trilogy, fertelt it ferhaal Breq, de iennichste oerlibbene fan in romteskip dat troch ferrie ferneatige is. It boek folget Breq, dy't de belicheming is fan 'e keunstmjittige yntelliginsje fan it ferwuostge romteskip, by har krewearjen om wraak te nimmen op 'e hearsker fan har beskaving.

Ancillary Justice kaam yn oktober 2013 út, en waard troch de resinsinten tige goed ûntfongen. Leckie wûn der yn 2014 de Hugo Award mei yn 'e kategory bêste roman, wat de wichtichste priis is foar science fiction-literatuer. Teffens waard Ancillary Justice bekroane mei de Nebula Award foar bêste roman, de BSFA Award foar bêste roman, de Arthur C. Clarke Award, de Locus Award foar bêste roman, en de British Fantasy Award foar bêste nijynkommeling. Dêropta waard it boek nominearre foar de James Tiptree, Jr. Award, de Philip K. Dick Award, de John W. Campbell Memorial Award for Best Science Fiction Novel en de Compton Crook Award. Om utens wûn Ancillary Justice de Prix Bob Morane (Frankryk) en de Seiun Award (Japan) foar bêste oersetting.

It ferfolch Ancillary Sword kaam út yn oktober 2014, en it lêste diel fan 'e trilogy, Ancillary Mercy, yn oktober 2015. Beide boeken wûnen de Locus Award foar bêste roman en wiene nominearre foar sawol de Nebula Award as de Hugo Award yn 'e kategory bêste roman. Ancillary Sword wûn ek de BSFA Award foar bêste roman. Night's Slow Poison en She Commands Me and I Obey, beide út 2014, binne koarte ferhalen dy't yn itselde hielal spylje as de Imperial Radch-trilogy. Datselde jildt foar de op himsels steande roman Provenance, út 2017.

Priveelibben

bewurkje seksje

Ann Leckie is troud mei David Hare. Hja hawwe twa bern, Aidan en Gawain, en wenje yn St. Louis, yn 'e Amerikaanske steat Missoery.

romans
  • Imperial Radch-trilogy
    • 2013 – Ancillary Justice
    • 2014 – Ancillary Sword
    • 2015 – Ancillary Mercy
  • 2017 – Provenance (spilet yn itselde hielal as de Imperial Radch-trilogy)
  • 2019 – The Raven Tower
  • 2023 – Translation State (spilet yn itselde hielal as de Imperial Radch-trilogy)
koarte ferhalen (in kar)
  • 2006 – Hesperia and Glory (yn Subterranean Magazine; werprinte yn 'e ferhalebondel Science Fiction: The Best of the Year 2007)
  • 2008 – Marsh Gods (yn Strange Horizons)
  • 2009 – The God of Au (yn Helix #8; werprinte yn The Year's Best Science Fiction and Fantasy, 2009)
  • 2009 – The Endangered Camp (yn Clockwork Phoenix; werprinte yn The Year's Best Science Fiction and Fantasy, 2010)
  • 2010 – The Unknown God (yn Realms of Fantasy)
  • 2010 – Beloved of the Sun (yn Beneath Ceaseless Skies)
  • 2010 – Maiden, Mother, Crone (yn Realms of Fantasy)
  • 2014 – Night's Slow Poison (yn Tor.com; spilet yn itselde hielal as de Imperial Radch-trilogy)
  • 2014 – She Commands Me and I Obey (yn Strange Horizons; spilet yn itselde hielal as de Imperial Radch-trilogy)
  • 2023 – The Long Game (koart ferhaal dat ûnderdiel is fan 'e searje Far Reaches, wêrfan't de oare dielen troch oare auteurs skreaun binne)
  • 2024 – Lake of Souls (ferhalebondel)

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2013 BSFA Award wûn bêste roman Ancillary Justice
James Tiptree, Jr. Award nominearre n.f.t. Ancillary Justice
Nebula Award wûn bêste roman Ancillary Justice
Philip K. Dick Award nominearre n.f.t. Ancillary Justice
2014 Arthur C. Clarke Award wûn n.f.t. Ancillary Justice
British Fantasy Award wûn bêste nijynkommeling (Sydney J. Bounds Award) Ancillary Justice
BSFA Award wûn bêste roman Ancillary Sword
Compton Crook Award finalist bêste debútroman Ancillary Justice
Hugo Award wûn bêste roman Ancillary Justice
John W. Campbell Memorial Award finalist bêste roman Ancillary Justice
Locus Award wûn bêste roman Ancillary Justice
Nebula Award nominearre bêste roman Ancillary Sword
2015 Hugo Award nominearre bêste roman Ancillary Sword
Locus Award wûn bêste roman Ancillary Sword
Nebula Award nominearre bêste roman Ancillary Mercy
2016 Hugo Award nominearre bêste roman Ancillary Mercy
Locus Award wûn bêste roman Ancillary Mercy
Prix Bob Morane wûn bêste oersetting fan in science fiction- of fantasyroman nei it Frânsk Ancillary Justice
Seiun Award wûn bêste oersetting fan in science fiction- of fantasyroman nei it Japansk Ancillary Justice
2017 Grand Prix de l'Imaginaire nominearre bêste bûtenlânske roman Imperial Radch-trilogy
wûn bêste oersetter (foar Patrick Marcel) Imperial Radch-trilogy (Les Chroniques du Radch)
Seiun Award nominearre bêste oersetting fan in science fiction- of fantasyroman nei it Japansk Imperial Radch-trilogy

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.