Anna Palm de Rosa

Anna Sofia Palm de Rosa (Stockholm, 25 desimber 1859 - Madonna dell 'Arco, Itaalje, 2 maaie 1924) wie in Sweedske keunstner en lânskipsskilder. Yn de jierren 1890 waard se ien fan de populêrste keunstskilders fan Sweden mei har akwarellen fan stoomboaten en sylskippen en sênes fan Stockholm. Se makke in ferneamd skilderij fan in kaartspul yn in hotel yn Skagen doe't hja dêr in simmer trochbrocht mei de Skagenskilders. Doe't se 36 wie ferliet se Sweden foar altyd en hold de rest fan har libben yn it suden fan Italië ta, dêr't se mei in ynfantery-offisier troude.

Anna Palm de Rosa
Strân by Skagen
Kolosseum (om 1900)

Palm de Rosa wie in dochter fan skilder Gustaf Wilhelm Palm en Eva Sandberg, de dochter fan de skilder Johan Gustaf Sandberg. It âldershûs op Barnhuträdgårdgatan nr. 19 (no Olof Palmas Gata) wie in moetingsplak foar harren artistike freonen, dêr't Nils Kreuger, Gustaf Cederström, Georg Pauli en Vicke Andrén (1856-1930) ûnder wiene. Anna Palm krige ûnderjocht fan har heit dy't learaar oan de Elementarteckningsskolan wie, dêr't studinten taret waarden op de Keninklike Sweedske Akadeemje fan Keunsten.

Sels gong se net nei de Keninklike Akadeemje om't it noch hieltyd net gewoan wie dat froulju dêr studearren. Yn de jierren nei 1880 waard se learling fan de histoarjeskilder Edvard Perséus en de lânskipsskilder Daniel Holm (1835-1903). Yn 1885 reizge se mei stipe fan har heit en mem nei Denemarken, dêr't se in skoft yn Skagen wie en dêr't se Et l' hombre parti på Brøndums Hotel skildere. Se gong ek nei Antwerpen, dêr't se studearre by de seeskilder Romain Steppe (1859-1927) ear't se in setsje yn Parys tahold.

Karriêre bewurkje seksje

Palm de Rosa wie ien fan de 84 keunstners dy't yn 1885 in brief ûndertekenen dêr't yn oproppen waard ta radikale feroarings yn it ûnderwiis fan de Sweedske Akademy, dat hja as ferâldere beskôgen. Dochs eksposearre hja yn 1885 en 1887 oan de Akademy en fan 1889 oant 1891 joech hja dêr les yn skilderjen. Hja wie ek lid fan it krekt oprjochte selskip Svenska konstnärinnor (Sweedske froulike keunstners) yn'e mande mei Eva Bonnier, Hanna Pauli en Mina Carlson-Bredberg. De akwarellen fan seesênes mei stoomboaten en sylskippen, dy't se yn dy snuorje skildere, droegen by oan har populariteit.

Op âldjiersjûn 1895 ferliet se Sweden foar altiten. Se wie in jier yn Parys en ferhuze dêrnei nei Italië. Dêr moete hja luitenant Alfredo de Rosa mei wa't se trouwe soe. Nei harren houlik yn Parys yn 1901, ferhuze it pear nei it eilân Capri. Yn 1908 setten sy har nei wenjen yn Madonna dell'Arco, distrikt Sant'Anastasia, by Napels.

Neist Italjaanske motiven gie se troch mei it skilderjen fan stedsgesichten fan Stockholm, lykas tafrelen fan it Gustaf Adolf-plein mei de opera, of fan de Stockholmske Keunst- en Niverheidstentoanstelling fan 1897. It moat hast wol sa wêze dat hja foto's út Sweden tastjoerd krige dy't as basis tsjinnen foar har skilderijen. It soe kinne dat se foto's brûkt hat fan de Stockholmske fotograaf Frans Gustaf Klemming (1859-1922), waans wurk ek brûkt waard troch de skilder Robert Lundberg (1861-1903), mar nei alle gedachten putte se út bylden fan mear as ien fotograaf.

Under de Earste Wrâldoarloch, doe't har man oproppen waard, wie Palm de Rosa tige produktyf, foaral yn Baiae oan de Golf fan Napels, dêr't hja in jier tahold. Nei de oarloch waard se hieltyd swakker en dat bleaun sa oant har dea yn maaie 1924.

Har wurken binne te finen yn it Nasjonaal Museum yn Stockholm, it Keunstmuseum fan Göteborg, de samling fan de Universiteit fan Uppsala, en musea yn Norrköping en Helsinki.

Galery bewurkje seksje