Antoine François Jean Claudet (La Croix-Rousse, Lyon, 18 augustus 1797Londen, 27 desimber 1867), wie in Frânske fotograaf en keunstner dy't daguerreotypes makke.

Antoine Claudet
keunstner
Antoine Claudet
Antoine Claudet
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 18 augustus 1797
berteplak Lyon
stoarn 27 desimber 1867
stjerplak Londen
wurkpaad
wurksum as Fotograaf, keunstner
offisjele webside
gjint

Libben en wurk

bewurkje seksje

Claudet waar berne yn La Croix-Rousse as soan fan Claude Claudet, in stoffekeapman, en Etiennette Julie Montagnat. Hy wurke yn Grut-Brittanje en stoar yn Londen. Hy studearre by fotografypionier Louis Daguerre.

Claudet late tegearre mei Georges Bontemps in glêsfabryk yn Choisy-le-Roi en ferhuze nei Ingelân om it fabryk oan te befeljen mei in winkel yn High Holborn, Londen. Nei't er in oandiel krige hie yn de útfining fan L.J.M. Daguerre, wie die ien fan de earsten dy't daguerreotypeportretten yn Ingelân makke en hy ferbettere it sensibilisearingsproses troch njonken joadium ek gloar (yn 't plak fan broom) te brûken en koe sadwaande flugger wurkje. Hy wie ek de útfiner fan it reade (feilige) ljocht yn de tsjustere keamer. Teffens brocht er op it aljeminte om mei help fan in rige foto's de falske waarnimming fan beweging te skeppen. It idee om skildere eftergrûnen te brûken wurdt ek oan him taskreaun.

Fan 1841 oant 1851 hie er in atelier op it dak fan de Adelaide Gallery (no it Nuffield Centre), efter St. Martin's in de Fields Church yn Londen. Yn 1843 naam er ien fan de mar twa oerbleaune foto's fan de wiskundige Ada Lovelace. Dêrnei iepene hy ateliers yn it Colosseum yn Regent's Park (1847-1851) en yn Regent Street 107 (1851-1867). Der wurdt rûsd dat er alle jierren 1.800 foto's makke, ûnder oaren fan Michael Faraday en Charles Babbage.

Yn 1848 betocht er de fotometer, in ynstrumint om de yntinsiteit fan de fotogenike strielen te mjitten; en yn 1849 brocht er de fokusmeter yn, om in perfekte fokus yn fotografyske portretten te garandearje te kinnen.

Yn 1853 waard er keazen as lid fan de Royal Society en yn 1858 produsearre er de stereomonoskoop, as antwurd op in útdaging fan Sir David Brewster. Yn 1851 ferhuze er syn bedriuw nei 107 Regent Street, dêr't er in saneamde Temple to Photography oprjochte.

Claudet krige in protte ûnderskiedings, bygelyks yn 1853 de beneaming ta "Photographer-in-ordinary" fan Keninginne Victoria en tsien jier letter in earbetoan fan Napoleon III fan Frankryk.

Hy stoar yn 1867 yn Londen. Noch gjin moanne nei syn dea baarnde syn "Timpel ta de fotografy" ôf en gienen de measte fan syn foto's fan grutte wearde ferlern.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en referinsjes sjoch ûnder: Antoine Claudet References, op dizze side.