Archangelsk
Archangelsk (Russysk: Архангельск) is in havenstêd oan de Noardlike Dvina yn it noarden fan Ruslân. Tichteby de stêd mûnet de rivier yn 'e Wite See út. It is it bestjoerlike sintrum fan de oblast mei deselde namme.
Archangelsk
Архангельск | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Ruslân | |
Oblast | Archangelsk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 342.164 (2022) | |
Oerflak | 294,42 km² | |
Befolkingsticht. | 1162,16 ynw./km² | |
Hichte | 4 meter boppe seenivo | |
Oar | ||
Stifting | 1584 | |
Tiidsône | UTC+3 | |
Koördinaten | 64° 33' N 40° 32' E | |
Offisjele webside | ||
Side Archangelsk |
De namme ('Aartsingelstêd') komt fan it kleaster tichteby de stêd, dat wijd wie oan de aartsingel Michael. Ynearsten hiet de stêd Novye Cholmogory (Nij-Cholmogory), oant it plak yn 1618 de namme Archangelsk krige.
Skiednis
bewurkje seksjeIt gebiet om 'e stêd stie yn 'e tiid fan de Wytsings bekend as Bjarmalân. Yn 1581 ferlear Ruslân yn de Liiflânske Kriich (1558-1583) de tagong ta de Eastsee. Yn dat jier oermastere in Sweedsk hierlingeleger de stêd Narva en de Russen moasten foar in alternatyf útwike nei de Wite See.
Ynearsten fûn de hannel plak oan de kust dêr't de Dvina yn de Wite See mûnet. Om't Denemark dêrfandinne minder tol oer de Sont fertsjinne, besochten Deenske skippen de hannel oer de Wite See te dwersbongeljen. Yn de jierren 1580 stie Denemark wer hannel ta as de skipper foar in grut bedrach in Deenske pas kocht. Deenske skippen kontrolearren it wetter en besochten smokkel te kearen.
Yn 1582 waarden fiif Nederlânske skippen troch Denemark opbrocht. In Nederlânske keapfarder sylde yn it jier 1582 doe de Dvina op om de Deenske kriichskippen te mijen. Nei 35 kilometer kaam it skip by it Sint-Michaelkleaster oan. It lytse, houten kleaster lei op it plak dêr't de Dvina begjint te fertakken en it wie in goed plak foar in haven. In fersyk oan de tsaar om dêr in haven oan te lizzen krige op 4 maart 1583 fan Ivan de Grousume tastimming om in fort te bouwen en it oare jier wie de haven klear, it offsjele stiftingsjier fan Archangelsk.
Archangelsk bleau dêrnei in iuw lang Ruslân's belangrykste haven, dêr't ynearsten fral Ingelsen en Skotten foar master op sloegen, mar al rillegau wike moasten foar Nederlanners. Yn 1584 stifte Melchior de Moucheron in fabryk by it Michaelkleaster. Doe't Peter de Grutte yn 1693 de stêd besocht wied er ûnder de yndruk fan de mooglikheden en joech er opdracht om foar de hannelsfloat de earste skipswerf fan Ruslân te bouwen. It earste skip, de Sint-Paulus, farde yn 1694 út en Ruslân waard sa ien fan de seefarrende hannelsnaasjes.
Yn de Grutte Noardske Kriich (1700-1721) focht Ruslân mei Sweden om de macht yn de Eastsee. De haven fan Archangelsk woeks yn belang en om de stêd te beskermjen waard yn 1701 it fort Novodvinsk oanlein. Yn 1702 waard de Nederlânsk-Noarske admiraal Cornelis Cruys troch tsaar Peter nei Archangelsk stjoerd om der in marinehaven fan te meitsjen.
De stifting fan Sint-Petersburch oan de Eastsee troch deselde Peter de Grutte soarge der ek foar dat Archangelsk minder belangryk waard. Alle hannel moast no oer Sint-Petersburch gean en Archangelsk mocht allinne noch foar eigen gerak ynfiere. De hannel rûn dêrtroch slim tebek en yn 1725 farden noch mar 19 skippen de haven yn. Katarina de Grutte makke yn 1762 in ein oan dy sitewaasje en joech Archangelsk deselde privileezjes as Sint-Petersburch, sadat yn 1772 al wer 206 skippen de haven ynfarden.
Oant healwei de 19e iuw bleau Archangelsk de op twa nei wichtichste haven fan it lân. Yn dy tiid bloeide ek de Pomoarenhannel op. De Pomoaren, lykas de bewenners fan de noardlike kuststreek neamd waarden, dreaune hannel yn nôt en fisk mei Noarwegen. Troch de oanlis fan it spoar yn 1898 waard de ferbining mei Sintraal Ruslân in hiel stik ferbettere.
Yn de Earste Wrâldkriich wie Archangelsk de iennige westlike haven fan it lân dêr't militêre help lost wurde koe. De haven waard doe foar de nije oanfier útwreide mei nije steigers en loadsen en ek it spoar waard ferbettere en langer makke. Yn 1916 waard noch nea sa'n soad lading yn 'e haven fan Archangelsk ferwurke.
Troch de Russyske Revolúsje briek in boargerkriich út en Archangelsk waard foar in hoart troch bûtenlânske troepen beset. De hannel en ekonomy stoartte yn en de haven rekke yn it neigean. Om't troch Finske oanfallen Moermansk net brûkt wurde koe, waard Archangelks yn de Twadde Wrâldkriich fannijs de iennige iepen haven foar militêre help út it westen. De haven waard yn alle hasten op 'e nij oanpast foar de militêre help en yn augustus 1941 arrivearre in earste konvoai. Yn de jierren 1960 waard de haven renovearre en op 'e nij útdjippe. De haven krige yn 1972 in nije passazjiersterminal en healwei de jierren 1980 in kontainerterminal. Yn 2007 ferwurke de haven likernôch oardel miljoen lading.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeIn soad tsjerken fan de stêd binne troch it kommunistyske bewâld ôfbrutsen. Ien dêrfan, de Aartsingel Michaelkatedraal, is yn de perioade 2008–2022 wer opboud.
It âldste noch besteande gebou yn de stêd is de hannelsmerk Gostiny Dvor (Russysk: Гостиный двор), tusken 1668 en 1684 boud troch Dútsers en Nederlanners. It hie wat wei fan in kremlyn, mar it waard brûkt as merk. Yn de 18e iuw tsjinnen de gebouwen as dûanekantoar. Neitiid rekke it gebou yn ferfal en nei't it foar in part ôfbrutsen waard bleaune allinne de noardlike tuorren en in part fan de westlike muorre oer. Sûnt 1992 fûn in restauraasje plak.
Befolkingsûntwikkeling
bewurkje seksjeJier | 1678 | 1782 | 1840 | 1897 | 1923 | 1939 | 1970 | 1982 | 1992 | 2000 | 2010 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Befolking | 465 | 12.100 | 9.600 | 20.882 | 53.300 | 251.000 | 342.590 | 395.000 | 369.100 | 361.800 | 348.783 | 342.164 |
Wapen
bewurkje seksjeIt wapen fan Archangelsk waard op 2 oktober 1780 ynfierd en toant op in giel fjild de aartsingel Michael, dy't mei it swurd de duvel deltwingt. Yn de tiid fan Sovjet-Uny wiene religieuze tema's op offisjele symboalen ferbean en doe stie op it wapen in skip. It motyf moast Archangelsk as in wichtige seehaven foarstelle. Yn oktober 1989 naam de ried fan Archangelsk it beslút om it oarspronklike wapen wer yn te fieren. It wapen fan 1780 waard oernommen mei in pear lytse feroarings.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze skiednis fan de stêd is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Archangelsk
|