Ivan IV fan Ruslân

(Trochferwiisd fan Ivan de Grousume)

Ivan IV Vasiljevitsj (Russysk: Иван Васильевич; berne op 25 augustus 1530 – ferstoarn op 18 maart 1584) wie fan 1533 oant 1547 grutfoarst fan Moskoovje en de earste Russyske tsaar. Ivan IV stamde fan it âlde russyske foarsteskaai fan de Rûrikiden.

Ivan IV fan Ruslân
aadlik persoan en/of hearsker
Ivan de Grousume troch Viktor Vasnetsov
Ivan de Grousume troch Viktor Vasnetsov
bynamme Ivan de Grousume,
Ivan de Ferskriklike
nasjonaliteit Russysk
bertedatum 25 augustus 1530
berteplak Kolomenskoje
stjerdatum 18 maart 1584
stjerplak Moskou
dynasty Rjoerikiden
etnisiteit Russysk
tsaar fan Ruslân
regear 15471575 en 15761584
foargonger himsels as grutfoarst fan
   Moskou (-1547)
Simeon Bekbûlatovitsj (1575-1576)
opfolger Fjodor I fan Ruslân
grutfoarst fan Moskou
regear 15331547
foargonger Vasili III fan Moskou
opfolger himsels as tsaar fan Ruslân

Hy is fral bekend as Ivan Grozny (Ива́н Гро́зный) en yn 'e regel wurdt dat oerset as Ivan de Grousume of Ivan de Ferskriklike; 'grozny' betsjut lykwols ûntsachlik, machtich of strang.

Ivan IV brocht feroarings yn it bestjoer, it rjocht en leger en begeunstige de legere adel yn it neidiel fan de ynfloedrike bojaren. Under syn bewâld wreide it ryk him út nei it easten en suden, mar troch de Liiflânske Kriich en de terreur liet er in ferswakke Ruslân efter.

 
De út tankberens foar de berte fan Ivan boude Himelfeartsjerke

Ivan wie de earste soan fan Vasili III en dy syn twadde frou Helena Glinskaja. De mem fan Vasili wie in Grykske prinsesse út it Hûs Palaiologos fan 'e keizers fan it Byzantynske Ryk. Elena har mem wie in Servyske prinsesse en har heite famylje, de Glinski's, eallju yn it Gruthartochdom Litouwen, wiene etnyske Lipkatataren, dy't bewearden ôf te stamjen fan 'e Mongoalske hearsker Mamai (1335-1380). Ivan waard ferneamd nei Jehannes de Doper en op 4 septimber 1530 doopt yn it Trijeienheid-Sergius kleaster. Neffens de tradysje soe de Himelfearttsjerke yn Kolomenskoje yn de jierren 1528-1532 boud wêze as gebed oan God foar in soan en letter om God te tankjen foar de berte fan in soan. Op 30 oktober 1532 fûn de berte fan in broerke fan Ivan plak, dy't beheind wie. Doe't Ivan trije jier âld wie ferstoar syn heit. Vasili hie ek noch jongere bruorren dy't oanspraak meitsje koene op de troan, Andrei van Staritsa en Joeri fan Dmitrov, mar beide waarden eliminearre. Undertusken wie syn mem regintesse foar Ivan, dy't grutbrocht waard yn it kremlyn. Op 4 april 1538 ferstoar syn mem ûnferwachts, mooglik troch fergiftiging. De jonge Ivan wie no wees. De macht waard doe dield tusken ferskillende bojarefamyljes (Sjoejski, Glinski, Bielski).

 
Kroaning fan Ivan IV

Yn 'e âldens fan sechtjin jier waard Ivan op 16 jannewaris 1547 ta tsaar troand en yn itselde jier troude er de bojaredochter Anastasia Romanovna. Syn bewâld liede ynearsten ta freedsume fernijings. Ivan waard as from beskôge en lies yn de Hillige Skrift; hy wie tûk, mar ek slûchslim en haatsk. Hy koe strategysk tinke en spile fakentiden skaak. Nei't er himsels ta autokraat fan hiel Ruslân útrôp wenne er yn it tsarepaleis yn it Moskouse kremlyn, dat er al út syn bernetiid koe. Dêr sette er yn de jierren 1550 grutte sosjale en steatsherfoarmings yn gong. Hy krige dêrby stipe fan in groep wichtige adviseurs, de 'Isbrannaja Rada' ("keazen ried"). De wetten waarden op 'e nij oardene mei it nije wetboek fan 1550 en it leger waard reorganisearre. Tsaar Ivan IV rjochte ek it earste Russyske parlemint op, wêryn't de feodale stannen fertsjintwurdige wiene ('Zemski Sobor', 1549). It nije wetboek en in rige dekreten wreiden de rjochten út fan de keazen fertsjintwurdigers út de boeremienskippen yn de rjochtbank en yn it lokale selsbestjoer. Fierder stifte Ivan yn 1550 de paleiswacht fan de Strelitsen. Troch it fuortsterkjen fan de sintrale steat wist Ivan de militêre slachkrêft fan it lân te fergrutsjen. Tsaar Ivan socht nei nije mooglikheden om te hanneljen en iepene de haven fan Archangelsk oan de Wite See foar Ingelske keaplju. Ek wie Ivan ferantwurdlik foar it beheinen fan de frijheid fan de boeren, in earste stap yn de rjochting fan it lettere liifeigenskip.

It ferstjerren fan syn earste frou Anastasia yn 1560 brocht de tsaar yn djippe rou. Ivan IV sloech himsels oant bliedens ta yn oanwêzigens fan de hiele hofhâlding mei de holle tsjin de muorre. Hy soe der net oerhinne komme en syn sûnens waard jimmeroan minder, hy waard minder skerp, paranoïde en gewelddadich. Ek begûn er leden fan de adel te ferfolgjen en te eksekutearjen.

Yn dy tiid wie de macht fan de tsaar net sa fanselssprekkend. In soad bojaren wiene feitlik ûnôfhinklik fan de tsaar, besieten eigen legers en sprutsen rjocht. Ivan woe dêr in ein oan meitsje en sette prikken yn it wurk om harren macht te beheinen. Hy herfoarme de steat en pakte fan de bojaren grutte dielen fan de bêste grûn en de rykste kriten ôf. Sa kreëarre Ivan yn 1564 de 'Opritsjnina', it diel fan it ryk dat streekrjocht ûnder it bestjoer Ivan foel. Foar de ûnteigende grûn krigen bojaren somtiden stikken grûn fan mindere kwaliteit of oan de steatsgrinzen, wylst oaren nei in kleaster ferballe waarden. De kontrôle droech er oer oan syn geheime plysje, de 'opritsjniki'.

Tusken 1563 en 1575 joech Ivan opdracht ta njoggen massa-eksekúsjes. De opritsjniki mochten dy útfiere en soargen foar terreur oer it hiele lân. Tûzenen minsken waarden fermoarde troch de leden fan de opritsjniki, dy't as liifwachten, mar ek as spionnen, ûntfierders en beulen wurken. Ta de opritsjniki hearde ek de bojaresoan Fjodor Basmanov, de favoryt fan de tsaar en wêrfan't Andrej Koerbski en oaren seine dat er in homoseksuële relaasje mei Ivan hie.

Oermastering fan Kazan

bewurkje seksje
 
De oerjefte fan Kazan (Potr Korovin, 1885)

Sûnt de 15e iuw hie Moskou al oarloch mei it Kazaner kanaat en alle jierren bedrigen ynfallende Tataren Moskou. Yn desimber 1547 organisearre Ivan de earste fjildtocht tsjin Kazan en yn novimber 1549 in twadde, mar it leger wie te swak. Yn 1551 waarden de plannen foar in tredde fjildtocht en de organisaasje fan in sterk leger taret, dy't yn 1552 earst de Krim-Tataren fersloech en dêrnei nei it easten teach om op 30 augustus fan dat jier Kazan te belegerjen. Mei rammen, minen en kanonnen en it ôfsnijen fan it wetter wist Ivan de stêd op 2 oktober ta oerjefte te twingen. De fersterkings fan de stêd waarden ôfbrutsen, grutte dielen fan de befolking ôfslachte en de finzennommen khan Jediger Machmet yn 1553 twongen ta bekearing ta de Russyske otterdoksy. Twa jier letter moasten ek de Basjkieren belies jaan. Dêrmei makke de tsaar in ein oan de frekwinte oerfallen en rôftochten fan it Kazaner kanaat yn it noardeasten fan Ruslân en makke er it oare aggresive folken folle dreger om fanút Aazje oer de Wolga Europa oan te fallen. Om de ferovering fan Kazan te fieren liet er yn Moskou de Basiliuskatedraal bouwe.

Op de oermastering fan Kazan folge yn 1556 de oermastering fan Astrachan, it sintrum fan de Nogai Horde. Mei de nije feroverings ferbetteren de mooglikheden foar Ruslân om te hanneljen mei it suden (bygelyks Perzje) en súdwesten. Ek waard it makliker foar Ruslân om Sibearje fierder yn te nimmen.

Liiflânske Kriich (1558-1583)

bewurkje seksje

Mei't Ivan IV gjin lest mear hie fan de Tataren koe Ivan him op nije ambysjes rjochtsje: in tagong ta de Eastsee. Troch de reformaasje wie de Liiflânske Konfederaasje swak en yn jannewaris 1558 foel Ivan mei in 40.000 man sterk leger Liiflân oan. Dy saneamde Liiflânske Kriich duorre 22 jier en ferneatige de ekonomy fan it lân mei hege ferliezen oan Ruslân's kant sûnder dat it wat oplevere. Tsjin 1562 wie Ruslân yn oarloch mei de keninkriken Poalen en Sweden. Prins Andrei Koerbski, zijn bêste adviseur en kommandant fan de Russyske troepen oan de westlike grins, ferriede de tsaar yn april 1564 en rûn oer nei Poalen. Tegearre mei it Poalsk-Litouske legere ferneatige de prins de russyske regio Velkije Lûki. Yn juny 1570 makke de tsaar prins Magnus fan Denemark ta kening fan Liiflân. Kening Magnus krige in leger fan 25.000 man sterk om lân foar de tsaar te feroverjen. Syn ferloving mei in dochter fan prins Vladimir fan Staritsa soe him bine moatte oan it tsarenryk. Mar om't Magnus in dûbel spul spile mei de kening fan Poalen en Reval net oermasterje koe, stjoerde de tsaar syn leger nei Estlân om it keninkryk te ferneatigjen. Magnus wist út te piken nei Riga en rûn oer nei Poalen.

It Ferdrach fan Jam Zapolski makke op 15 jannewaris 1582 in ein oan de oarloch en twong de tsaar om alle besette dielen fan Liiflân wer op te jaan.

Metropolyt Filip

bewurkje seksje
 
Metropolyt Filip wegeret Ivan te segenjen

Op fersyk fan Ivan waard op 25 juny 1566 de abt Filip fan it Solovetski-kleaster ta metropolyt fan Moskou en hiel Ruslân kroand. De abt wie from, betûft en hie in grut plichtsgefoel yn it opfolgjen fan de kleasterregels. De tsaar wie tige ûnder de yndruk wat de abt allegear yn Solovetski út de wei setten hie fan de oanlis fan wettersystemen en it oanmeitsjen fan lân oant de bou fan in sikehûs en in katedraal.

Filip hie Ivan tasein it amt te beklaaien, ûnder betingst dat Ivan de opritsjnina ôfskaffe soe. Ivan hold him lykwols net oan syn wurd en twa jier letter gyng de terreur noch altiten troch. Doe't yn de Fêsteltiid op de snein fan de Krúsferearing op 2 maart 1568 de tsaar nei de katedraal kaam foar it bywenjen fan de Godlike Liturgy, wegere Filip him om dy reden te segenjen. Dêr't elk bystie roste de metropolyt Ivan syn wredens fan it oanduorjende bloedferjitten goed yn. Ivan beskuldige de metropolyt doe fan wyldsin en tsjoenderij; hy liet de metropolyt oppakke doe't dy krekt foargong yn in liturgyfiering yn de Marije-Himelfeartkatedraal, finzen sette, ôfsette út syn amt en ferbalje nei in kleaster yn Tver. In goed jier letter waard de metropolyt op 23 desimber 1569 om it libben brocht. Maljûta Skoeratov, ien fan de lieders fan de opritsjnina, easke fan Filip de segen foar de moardpartij yn Novgorod en doe't Filip dat lilk wegere, smoarde dy de metropolyt.

Om't Ivan IV de hannelstêd Novgorod fertocht gear te spannen mei Poalen-Liiflân teach er op 6 jannewaris 1570 mei tsarevitsj Ivan en 1500 soldaten nei de stêd. Dêr liet er yn in moanne tiid foar de stedspoarte de hiele befolking útmoardzje. Tûzenen minsken kamen om en Novgorod soe de klap net wer te boppe komme.

Tataren en Sibearje

bewurkje seksje
 
Boadskippers fan Jermak Timofeevitsj dogge tsaar Ivan tynge fan de oermastering fan Sibearje)

Undertusken makken de Krim-Tataren it súdlike grinsgebiet fan Ruslân noch ûnfeilich. Op 24 maaie 1571 brieken hja ûnder lieding fan khan Devlet Giray troch en steaken Moskou yn 'e brân. By in nije oanfal op Ruslân krigen de Tataren in swiere klap, doe't hja de Slach by Molodi ferlearen. Ynearsten soe Ruslân gjin lêst mear ha fan ynfallende Krim-Tataren.

Ivan wie de earste tsaar dy't syn eagen op Sibearje falle liet, it sliepende lân oan de oare kant fan de Oeral. In lid fan it skaai Stroganov liet de tsaar kostbere saken lykas goud, kristal en sabelbont sjen en ûnder lieding fan de Stroganov's waard yn opdracht fan de tsaar in earste ekspedysje taret. Lâns de rivieren wist kozakkenlieder Jermak Timofeevitsj it kanaat Sibir te naderjen. De beslissenden slach tsjin de Sibearyske Tataren fûn yn 1582 plak yn de omkriten fan wat letter Tobolsk waard, dêr't al gau in kremlyn oanlein waard. Sûnt dy tiid neamde Ivan IV himsels ek 'tsaar fan Sibearje'.

Moard op de troanopfolger

bewurkje seksje
 
De moard fan Ivan op syn soan (Ilja Repin)

Neffens de pauslike legaat Antonio Possevino fermoarde Ivan IV syn eigen soan en troanopfolger Ivan Ivanowitsj (1554–1581) mei in izeren heft fan syn stêf. De tsaar fûn syn skoandochter der ûnfatsoenlik by rinnen en de oare deis wied er nei har keamer gien om har dêr ôf te seamen, sa slim dat hja it bern dêr't hja swier fan wie ferlear. Syn soan woe him de oare deis geweken nimme en besocht syn heit del te bêdzjen, mar dy waard doe sa lilk en sloech syn soan mei de izeren knop fan syn stêf dea. De tsarevitsj lei dêrnei noch in pear dagen yn koma en ferstoar doe oan de ferwûnings. It ferlies fan syn soan krige him sa beet dat er mei de holle op de kiste fan syn soan bûnze.

Boarnen út dy tiid skriuwe ek dat de tsaar en syn soan deilis krigen oer it útbliuwen fan súkses yn de Liiflânske Kriich en de troch de soan easke help foar de troch de Poalen belegere stêd Pskov. In oare reden is dat de soan sûnder tastimming hynders jûn hie oan in edelman. Oare berjochten skreaune dat de erfgenaam siik wie.

By forinsysk ûndersyk yn 1963 koe gjin deadsoarsaak fan Ivan Ivanovitsj fêsteld wurde om't der fan de plasse allinne stof oerblean wie.

Ivan ferstoar nei't er by in spultsje skaken in beroerte krige. Syn beheinde broer Fjodor folge him op, mar de echte macht lei by syn fâld Boris Godûnov. Fjodor's healbroer Dimitri Ivanovitsj wie noch mar twa jier âld. Letter waard Dimitri ûnder fertochte omstannichheden mei in trochniene kiel fûn. Neffens Godûnov wied er by in eleptyske oanfal yn syn eigen knyft fallen. Boris Godûnov rôp him doe sels út ta tsaar.

De binne lykwols ek stege geroften dat de tsaar fergiftige waard troch Boris Godûnov en Bogdan Belski en dy syn Ingelske arts.

 
Ivan bewûnderet Vasila Melentjeva (Grigori Sedov)

Ivan wie sân kear troud en mar fjouwer houliken waarden troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke erkend.[1]

  1. Fuort nei de kroaning troude tsaar Ivan mei syn earste frou Anastasia Romanovna. Hja ferstoar op 7 augustus 1560, mooglik troch fergiftiging. Mei har hie Ivan seis bern:
    • Anna (1549-1550)
    • Maria (1551-1552)
    • Dmitri (1552-1553)
    • Ivan (28 maart 1554 - 19 novimber 1581)
    • Eudokia (1556-1558)
    • Fjodor I (1557-1598)
  2. Op 21 augustus 1561 boaske Ivan syn twadde frou Maria Temrjûkovna fan Circassian (Russisch; Мария Темрюковна), dochter fan prins Temrink (Temrjûuk) Cherkassky. Maria Temrjoekovna ferstoar op 1 septimber 1569.
    • Mei har hie er de soan Vasili (Russysk; Василий, berne op 21 maart 1563), dy't op 3 mei 1563 ferdronk, troch't de oppasser him mei fersin falle liet.
  3. Op 28 oktober 1571 boaske er mei Martha Vasilievna Sobakina (Russysk; Марфа Васильевна Собакина). Hja ferstoar op 13 novimber 1571 mooglik troch fergif, twa wiken nei it houlik.
  4. Op 28 april 1572 boaske Ivan mei Anna Ivanovna Koltovskaja (Russysk; Анна Ивановна Колтовская). Yn 1573 gyngen hja by inoar wei en waard hja nei it kleaster stjoerd. Hja ferstoar op 5 april 1626.
  5. Yn 1575 waard Anna Grigorjevna Vasiltsjikova (Russysk; Анна Григорьевна Васильчикова) de fyfte frou fan Ivan. Hij liet er sels nei in jier ferballing nei in kleaster net yn 'e steek. Hja ferstoar op 7 jannewaris 1579.
  6. As sechde frou wurdt sûnt 1579 Vasila Melentjeva (Russysk; Василиса Мелентьева) neamd. Om't hja in minnaar hie waard ek hja ferballe nei in kleaster; wylst har minnaar spytst waard. Vasili Melentjeva kin lykwols allinne in byfrou west ha en it houlik kin basearre wêze op 19e-iuwske rabberij .
  7. It sânde houlik fan Ivan wie mei Maria Fjodorovna Nagaja (Russysk; Мария Фёдоровна Нагая), dochter fan Fyodor Nagai. Dat houlik waard yn septimber 1580 sletten.
    • Hja waard de mem fan syn lêste bern, prins Dmitri Ivanovitsj, berne op 19 oktober 1583, nei alle gedachten fermoarde op 15 maaie 1591. Nei de dea fan Ivan waarden mem en soan troch Boris Godûnov ferballe nei Uglitsj. Maria ferstoar op 20 july 1612.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Iwan IV. (Russland)
  1. De list oer de houliken en de bern fan Ivan IV is ôfkomstich fan de Ingelsktalige wikipedyside en:Ivan the Terrible