Arminiustsjerke (Rotterdam)

De Arminiustsjerke yn it sintrum fan Rotterdam is it tsjerkegebou fan 'e remonstrantske gemeente. Tsjerke, oargel en konsistoarje binne oanwiisd as ryksmonumint.

Arminiustsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Museumpark
koördinaten 51° 54' N 4° 28' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Remonstrantske Bruorskip
Arsjitektuer
arsjitekt H. Evers, J.P. Stok
boujier 1895-1897
boustyl Neostyl; Jugendstil
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 513882
Webside
Side Remonstranten Rotterdam
Kaart
Arminiustsjerke (Rotterdam-Sintrum)
Arminiustsjerke

De tsjerke waard tusken 1895 en 1897 boud en ferneamd nei de teolooch Jakobus Arminius.

Yn 1610 skieden de remonstranten harren ôf fan de Grifformearde Tsjerke. It wie foar in hiel skoft dêrnei foar remonstranten ferbean om yn it iepenbier tsjinsten te fieren. Sûnt 1632 hiene de remonstranten yn in eardere brouwerij in skûltsjerke oan 'e Vissersdijk. Ek nei de Frânske tiid, dy't foar de remonstranten frijheid fan godstsjinst brocht, bleau de gemeente gebrûk meitsjen fan harren skûltsjerke, dy't bûtendyksk stie. Pas nei't de tsjerke ferskate kearen ûnder wetter kaam te stean, waard der foar it earst yn 1879 oan nijbou tocht.

 
Oersjoch ynterieur.

Yn 1883 wie der in ûntwerp foar in tsjerke mei likernôch 1500 plakken, mar dat waard net útfierd. Nei in nije oerstreaming yn 1894 krigen Henri Evers (1855-1929), arsjitekt fan it stedhûs fan Rotterdam, en Jacobus Stok (1862-1942) de opdracht foar in nij ûntwerp. Stok wie yn tsjinst fan 'e tsjerke en Evers wie yn 1889 troud mei de dochter fan de dûmny. De gemeente hie de grûn fan 'e remonstrantske skûltsjerke nedich foar in útwreidingsplan fan de Beurs en troch it ruiljen fan grûn krige de remonstrantske gemeente yn 1895 in nij stik bougrûn oan 'e Westersingel.

Yn 1895 setten de tariedings foar de nijbou útein en yn 1897 waard de rest fan 'e tsjerke foltôge. Op 23 maaie 1897 koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurden en op 31 augustus 1898 waard it nije oargel ynwijd.

De tsjerke waard yn 1978 restaurearre.

Arsjitektuer

bewurkje seksje

De tsjerke is in fjouwerkante sintraalbou mei in hege toer op 'e súdeastlike hoeke. Oan 'e westlike en noardlike kant wurdt de tsjerke fan oangrinzgjende bebouwing ynsletten. Oant 1965 wie it plein oan 'e Westersingel mei in smei-izeren hekwurk tusken pylders fan bakstien ôffrede.

De tsjerke is boud yn reade bakstien mei in hurdstiennen plint en natoerstiennen dekoraasjes. De seal- en skylddakken binne dutsen mei pannen en laaien en hawwe in kaamfoarmige ôfwurking. De gevel oan 'e Westersingel is yn 'e puntgevel fersierd mei in dwerchgalerij.

Yn 'e bôge fan 'e tagong stiet de tekst Eenheid in het noodige, vrijheid in 't onzekere, in alles de liefde, oan wjerssiden fan 'e bôge binne byldhoude frouljusfigueren oanbrocht. Boppe it twadielige finster boppe de tagong is in mozaïek fan in ingel mei in iepenslaande Bibel en oan wjerskanten de wurden Geloof en Onderzoek. De hege toer lofts wurdt ôfsletten mei tuorkes op de hoeken en in achtsidige boppebou mei koepel. De rjochter toer is leech en ôfsletten fan in skylddak.

 
Oargel.

De tsjerke is fan binnen in fjouwerkante sintraalbou mei in houten krúsferwulft op mitsele pylders en kolonetten op konsoles fan natoerstien. It muorrewurk is fan baksstien ôfwiksele fan natoerstiennen bannen yn de pylders en ûnder de ramen. De houten galerijen rêste op izeren pylders. Yn 'e sydromtes hingje brûzen ljochtkroanen. De tsjerke wurdt ferljochte troch glês-yn-leadramen fan L. de Contini. Hy makke ek de twa middelste ramen mei bibelske foarstellings foar de preekstoel oer. Yn 'e dekoraasjes is de ynfloed fan de Jugendstil te sjen, lykas yn it fykwurk fan de preekstoel, de ferljochting en de blommen yn de ramen.

Ek de tsjerkeriedskeamer en de hal oan 'e westlike kant binne foar it measte noch yn orizjinele steat.

It oargel waard yn 1898 boud troch de firma Steenkuyl en Recourt. Oan it ynstrumint, dat oanspronklik 24 registers ferdield oer haadwurk, swelwurk en pedaal hie, waard yn 'e jierren 1930 en 1957 feroarings oanbrocht. By in restauraasje yn 2015-2016 troch Pels & Van Leeuwen waard it oarspronklike oargel as útgongspunt nommen, mei behâld fan letter tafoege weardefolle eleminten.[1]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: