Attawapiskatmar

(Trochferwiisd fan Attawapiskat-mar)

De Attawapiskatmar (Ingelsk: Attawapiskat Lake) is in mar yn it distrikt Kenora, yn it noardwesten fan 'e Kanadeeske provinsje Ontario. Dit oerflaktewetter is op it langste punt rûchwei 40 km lang fan east nei west en op it breedste punt sa'n 12 km breed fan noard nei súd. It oerflak bedraacht 281 km². Oan 'e westkant fan 'e mar is it Kry-doarp Lansdowne House fêstige, dat it haadplak is fan 'e Neskantaga Earste Naasje (Ingelsk: Neskantaga First Nation).

Attawapiskatmar
geografy
type wetter mar
lokaasje noardeastlik Noard-Amearika
lân Kanada
provinsje Ontario
koördinaten 52°14′36″N 87°53′52″W
sifers
maks. lingte 40 km
maks. breedte 12 km
oerflak 281 km²
kaart
Attawapiskatmar (Ontario)
Attawapiskatmar
Lokaasje yn Ontario.

De Attawapiskatmar wurdt benammen fet troch trije rivieren: yn haadsaak troch de Otoskwin, en yn mindere mjitte troch de Pineimuta en de Marten-Drinking. It wetter dat troch dy streamen yn 'e Attawapiskatmar brocht wurdt, ferlit de mar wer fia de rivier de Attawapiskat, dy't oan 'e eastkant fuortstreamt yn 'e rjochting fan 'e Jamesbaai.

De namme fan 'e mar is ûntliend oan in plak sa'n 100 km nei it easten ta, dêr't de rivier de Attawapiskat tusken twa hege kliffen troch streamt. Yn it Kry, de taal fan 'e Kry-Yndianen, hjit dat ᐊᑕᐗᐱᐢᑲᑐᐎ ᐃᓂᓂᐧᐊᐠ, Āhtawāpiskatowi ininiwak, dat safolle betsjut as: "it plak dêr't de rotsen har spjalte".

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.