British Fantasy Award

(Trochferwiisd fan August Derleth Fantasy Award)

De British Fantasy Awards binne in groep Britske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan fantasy en horror fan it foargeande jier. De tawizing en útrikking wurdt fersoarge troch de British Fantasy Society ("Britske Fantasy Genoatskip"). De British Fantasy Awards besteane sûnt 1976, mar komme fuort út 'e âldere August Derleth Fantasy Award, dy't yn 1972 foar it earst útrikt waard.

British Fantasy Award
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
útrikt foar fantasy- en horrorliteratuer
útrikt troch British Fantasy Society
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1976
1e útrikking 1976
offisjele webside
www.britishfantasysociety.org

Oarspronklik wie der mar ien kategory, nammentlik foar bêste roman, mar troch de jierren hinne binne dêr stadichoan oaren bykommen. Op 't heden wurde de British Fantasy Awards útrikt yn 16 ûnderskate kategoryen:

De winners wurde bepaald troch in stimming ûnder de leden fan 'e British Fantasy Society, útsein yn it gefal fan 'e Kar Edward Wagner Award, dy't tawiisd wurdt troch it BFS-bestjoer. Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Neil Gaiman, Stephen King, Tim Lebbon, Terry Pratchett en Jo Walton. Foar in folsleine list mei winners fanôf 2004, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.