Augustusburg en Falkenlust

Slot Augustusburg en Slot Falkenlust binne twa paleizen yn de stêd Brühl yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. Augustusburg is mei in in leane troch in grut park ferbûn mei it jachtslot Falkenlust. De twa slotten hearre ta de wichtichste gebouwen yn de barokke - en rokokostyl fan Dútslân en steane sûnt 1984 op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Augustusburg en Falkenlust
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak Brühl
koördinaten 50° 49' N 6° 54' E
Skiednis
boujier Augustusburg: 1725-1746
Falkenlust: 1729-1740
Oars
boustyl Barok, rokoko
monumintale status UNESCO-wrâlderfgoed
Webside
Side Augustusburg
Kaart
Augustusburg en Falkenlust (Noardryn-Westfalen)
Augustusburg en Falkenlust
Lokaasje yn 'e dielsteat Noardryn-Westfalen

Yn 'e 12e iuw besieten de aartsbiskoppen fan Keulen yn it gebiet in grutte úthôf mei jachtgrûn. Yn 1284 oant 1298 boude aartsbiskop Siegried fan Westerburg in wetterkastiel op it plak as bolwurk tsjin de stêd Keulen. Aartsbiskop Walram liet it kastiel nochris útwreidzje. Dat kastiel bleau oant 1689 stean, doe't de Frânsen it yn de Njoggenjierrige Oarloch opblaasden.

Augustusburg

bewurkje seksje
 
Klemens August I fan Beieren

Aartsbiskop Klemens Augustus I fan Beieren (1700-1761) fan de Wittelsbach-dynasty boude it paleis Augustusburg op de ruïnes fan it âlde kastiel. Yn 1725 sette Johann Conrad Schlaun útein mei de bou fan it tsjintwurdige slot. Foar de weropbou waarden de fûneminten fan it âlde wetterkastiel op 'e nij brûkt, sadat de finsters fan de sydfleugels net hielendal symmetrysk ferdield binne om't de breedte fan it slot rekkening hâldt mei dy fan it âlde wetterkastiel. Yn de barok is soks net gewoan om't symmetry yn dy styl tige wichtich wie. Nei útwreidings fan de Beierske hôfarsjitekt François de Cuvilliés boude Balthasar Neumann tusken 1740 en 1746 it treppehûs, ien fan de moaiste keunstwurken fan it slot. Balthasar Neumann soarge ek foar it heechalter fan de Slottsjerke, dy't oarspronklik yn 1493 ynwijd waard. Dy tsjerke wie oarspronklik in kleastertsjerke fan de fransiskanen, mar waard yn 1735 ferboud ta slottsjerke.

De Augustusburg wie in suver jachtslot en simmerpaleis en waard mar fjouwer oant seis wiken troch de prinsbiskoppen brûkt. Harren haadferbliuw wie it karfoarstelik paleis en it Slot Poppelsdorf yn Bonn.

Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich rekke it slot skeind, mar al yn 1946 sette in restauraasje útein. Fan 1949 oant 1996 waard it slot brûkt foar de ûntfangst fan steatsbezoeken oan West-Dútslân. It slot is tsjintwurdich iepen foar it publyk.

 
Slot Falkenlust

Falkenlust is in jachtslot, dat troch François de Cuvilliés tusken 1729 en 1740 neffens it foarbyld fan de Amalienburg yn it Slotpark Nymphenburg yn it wêst fan München boud waard. It paleis is in lustoarde (maison de plaisance) en oars as de Augustusburg hie it gjin represintatyf doel, mar wie it privé ornearre.

Yn 1760 joech Casanova in diner yn it slot foar de frou fan de boargemaster fan Keulen. Tusken 1832 en 1960 wie de famylje Giesler eigner fan it slot, dat dêrnei oerdroegen waard oan de dielsteat Noardryn-Westfalen.

 
Loftfoto fan 'e Augustusburg mei park

De twa slotten lizze yn barokke tunen, dy't oarspronklik ûntwurpen binne troch Dominique Girard. Yn de 19e iuw lei Peter Joseph Lenné de tunen op 'e nij oan yn de foarm fan in Ingelsk lânskipspark. Yn de jierren 1930 waard wer in begjin makke mei de rekonstruksje fan it barokke park. It wurk gyng nei de Twadde Wrâldkriich troch en waard ôfsletten yn de jierren 1980. Hjoed-de-dei wurdt it slotpark fan Augustburg en Falkenlust as ien fan de moaiste Europeeske barokke tunen wurdearre. De bosken om it park hinne binne natoergebieten.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.