Awraham Soetendorp

Awraham Shalom Soetendorp (Amsterdam, 16 febrewaris 1943) is in Nederlânske liberaal joadske rabbyn.

Awraham Soetendorp
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 16 febrewaris 1943
berteplak Amsterdam
wurkpaad
berop/amt Rabbyn

Libben en wurk

bewurkje seksje

Soetendorp waard yn Amsterdam berne as soan fan rabbyn Jacob Soetendorp. Hy siet syn earste libbensjierren ûnderdûkt by pleechâlden. Nei de oarloch waard er wer ferienige mei syn heit en mem en wenne fan 1948 oant 1953 yn Israel. Dêrnei gie de húshâlding werom nei Nederlân en stichte syn heit fannijs ferskate joadske gemeenten. Hy studearre oan ferskate skoallen, ûnder mear it Vossius Gymnasium yn Amsterdam, it Leo Baeck College yn Londen (progressyf opliedingsynstitút foar rabbinen) fan 1963 oant 1967 en it Hebrew Union College Cincinnati yn de Feriene Steaten.

Soetendorp wie fan 1968 ôf rabbyn fan de Liberaal Joadske Gemeente te De Haach.[1] Yn 1970 stichte Soetendorp in Nederlânsk solidariteitskommittee foar Joaden yn de Sovjetuny, dat er oan de delfal fan de Sovjetuny late. Dêrneist is Soetendorp presidint fan de Europeeske Regio fan de Wrâld Uny fan Progressyf Joadendom en fisefoarsitter fan it Global Forum of Spiritual and Parliamentary Leaders. Hy is oprjochter fan it Fonds Hoop voor Kinderen. Teffens is er lid fan it 'International Green Cross', it 'Earth Charter', 'Water for Life', en de kommissy foar Millennium Development Goals. Yn de beweging One Voice is er warber yn byinoarbringen fan fredesgroepen yn Palestina en Israel. Op 16 febrewaris 2008 naam er ôfskied as rabbyn fan de Liberaal Joadske Gemeente yn De Haach.[2]

Op 6 oktober 2013 waard in dokumintêre fan filmmakker Heleen Minderaa oer Soetendorp by de Joadske Omrop útstjoerd. De titel wie In dienst van de Vrede.[3]

Underskieding

bewurkje seksje

Op 19 novimber 2019 ûnfong Soetendorp de Scopus Award fan de Hebriuwske Universiteit yn Jeruzalem foar it jierren efterelkoar krewearjen foar ynterreligieuze dialooch yn de wrâld.[4] Soetendorp neamde de priis een erkenning van wat in mij is: vrede en rechtvaardigheid.

Awraham Soetendorp is troud en hat twa dochters en seis bernsbern. Syn broer David Soetendorp is op 21 febrewaris 2009 ynstallearre as rabbyn fan de joadske gemeente Masorti yn de synagoge fan Weesp.

Levenslessen van een rabbijn. Tegearre mei Annemiek Leclaire. Balans, 2023. ISBN 9789463822787 (ebook) 9789463822411 (paperback)

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Joods Liberale Gemeente over Soetendorp
  2. Soetendorp neemt afscheid als rabbijn Den Haag, NU.nl, 16 febr. 2008
  3. documentaire Joodse Omroep 6 oktober 2013
  4. Jonet.nl, 20 novimber 2019