Back to the Future (franchise)

Back to the Future is in populêre Amerikaanske mediafranchise, dy't yn 1985 úteinsette mei de komyske science fiction-aventoerefilm Back to the Future. Troch it súkses fan 'e earst film ferskynden neitiid noch twa ferfolchfilms en in dêrop basearre tekenfilmsearje. Ek binne der ferskate boeken, strips, fideospultsjes en in musical op Back to the Future basearre. De franchise is eigendom fan filmstudio's Universal Pictures en Amblin Entertainment, en giet oer Marty McFly, in learling oan 'e middelbere skoalle, dy't mei de eksintrike útfiner Doc Brown yn dy syn DeLorean-tiidmasine nei ferskillende bestimmings reizget yn it ferline en de takomst fan syn wenplak Hill Valley yn Kalifornje.

Back to the Future
betinker Robert Zemeckis
Bob Gale
eigner Universal Pictures
Amblin Entertainment
lân Feriene Steaten
begjinjier 1985
films
langspylfilms Back to the Future
Back to the Future Part II
Back to the Future Part III
koarte films Doc Brown Saves the World
tillefyzje
tekenfilmsearjes Back to the Future
teäter
toanielstikken Back to the Future
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
romans ferskaat, sjoch hjirre
companionboeken ferskaat, sjoch hjirre
strips ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks Back to the Future
Back to the Future Part II
Back to the Future Part III
Back to the Future Trilogy
offisjele webside
www.backtothefuture.com

Back to the Future (film)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Back to the Future (film).

Yn Back to the Future reizget teenager Marty McFly (Michael J. Fox) by fersin werom yn 'e tiid nei 1955 yn 'e DeLorean-tiidmasine fan syn freon, de eksintrike útfiner Doc Brown (Christopher Lloyd). Finzen yn it ferline komt Marty sûnder erch foar dat syn âldelju inoar moetsje, mei as gefolch dat syn eigen bestean, dat ôfhinget fan dy moeting, faai komt te stean. Hy moat sadwaande net inkeld sjen dat er nei syn eigen tiid weromkeart, mar foartiid ek de skea dy't er oan it ferline tabrocht hat, reparearje.

Back to the Future waard regissearre troch Robert Zemeckis nei in senario fan Zemeckis en Bob Gale. De film gie op 3 july 1985 yn premiêre, en brocht $381,1 miljoen op tsjin in budget fan $19 miljoen. Back to the Future wûn yn 1986 de Oscar foar bêste lûdsmontaazje en trije Saturn Awards, en waard nominearre foar nochris trije Oscars, fjouwer Golden Globes en fiif BAFTA's.

Back to the Future Part II

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Back to the Future Part II.

Yn Back to the Future Part II reizgje Marty McFly (Michael J. Fox), syn faam Jennifer Parker (Elisabeth Shue) en syn freon Doc Brown (Christopher Lloyd) fan 1985 nei 2015 om foar te kommen dat de soan fan Marty en Jennifer, Marty jr. (ek Michael J. Fox), de takomst fan it gesin McFly sabotearje kin. As harren aartsfijân Biff Tannen (Thomas F. Wilson) de DeLorean-tiidmasine stelt om dy foar syn eigen snoade doelen te brûken, moatte Marty en Doc werom nei 1955 om 'e feroarings dy't Biff yn it ferline oanbrocht hat, werom te draaien. Dêrby wurdt Doc mei de DeLorean noch fierder it ferline yn sûgd, nei 1885.

Back to the Future Part II waard op 'e nij regissearre troch Robert Zemeckis nei in senario fan Bob Gale. De film gie op 22 novimber 1989 yn premiêre, en brocht $336 miljoen op tsjin in budget fan $40 miljoen. De film einiget min ofte mear mei in cliffhanger, wat komt om't de dielen II en III efterinoar opnommen waarden en eins ien lange ferhaalline foarmje.

Back to the Future Part III

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Back to the Future Part III.

Yn Back to the Future Part III brûke Marty (Michael J. Fox) en de jonge Doc Brown (Christopher Lloyd) út 1955 de ynformaasje dy't de Doc Brown út 1985 (ek Christopher Lloyd) harren tastjoerd hat yn in santich jier âld brief, mei't er fêst kommen is te sitten yn 1885. Sa fine se de DeLorean-tiidmasine en reparearje dy, wêrnei't Marty dermei nei 1885 reizget om Doc te rêden foar't er deade wurde kin troch Buford "Mad Dog" Tannen (Thomas F. Wilson), de oerpake fan harren aartsfijân Biff Tannen (ek Thomas F. Wilson). De saak wurdt lykwols noch yngewikkelder as Doc yn 1885 fereale rekket op 'e skoaljuffer Clara Clayton (Mary Steenburgen), dy't er it libben rêdt, mei as gefolch dat de oarspronklike tiidline ûntsjinkearber feroare wurdt.

Back to the Future Part III waard ek wer regissearre troch Robert Zemeckis nei in senario fan Bob Gale. De film gie op 25 maaie 1990 yn premiêre, en brocht $246,1 miljoen op tsjin in budget fan $40 miljoen.

Takomstige projekten

bewurkje seksje

Oars as by oare súksesfolle films út 'e 1980-er jierren is fan Back to the Future noch gjin remake of reboot ferskynd. Regisseur Robert Zemeckis, dy't de úteinlike sizzenskip oer soks hat om't er de rjochten op fierdere films yn 'e rige besit, hat sein dat er eltse remake of reboot blokkearje sil. Senarioskriuwer Bob Gale hat fierders sein dat er gjin nije film yn 'e rige meitsje wol sûnder Michael J. Fox yn 'e haadrol, wêrby't er derop wiisde dat soks op it stuit ûnmooglik is om't Fox oan 'e sykte fan Parkinson lijt. Christopher Lloyd, dy't yn 'e filmtrilogy de rol fan Doc Brown spile, hat steld dat er noch wol in fjirde film yn 'e rige meitsje wol, mar allinne as dêrfoar de hiele oarspronklike cast en crew weromkeart.

Koarte films

bewurkje seksje

Doc Brown Saves the World

bewurkje seksje

Yn Doc Brown Saves the World nimt Doc Brown (Christopher Lloyd) yn 2015 in fideoboadskip op foar syn freon Marty McFly. Dêryn leit er út dat er ûntdutsen hat dat de wrâld yn 2045 in kearnramp ûndergean sil dy't liede sil ta in nukleêre holokaust. De oarsaken dêrfan hat er weromfolge nei de útfinings fan fjouwer dingen: de itenshydrateur, selsstrusende skuon, de hoverboard en de Mr. Fusion-thúsenerzjyreäktor (tafalligerwize krekt de fjouwer dingen dy't Marty yn Back to the Future Part II yn 2015 oantrof dy't yn it echt yn dat jier net bestiene). Wylst er de kamera trochrinne lit, reizget Doc nei in ûnbekende tiid om foar te kommen dat dy fjouwer dingen ea útfûn wurde sille.

As er weromkomt, fertelt er dat it goed beteard is, hoewol't it dreger wie as er ferwachte hie. As Doc yn syn bûse fielt, merkt er lykwols dat er de Quantum Mind Jar noch by him hat, wêrfan't er miende dat er dy yn 2075 efterlitten hie. De keunstmjittige yntelliginsje fan 'e Quantum Mind Jar trunet him oan om werom nei de takomst te gean om it rjocht te setten, mar Doc wegeret, om't noch mear tiidreizgjen sûnder mis ta nije swierrichheden liede sil. Dan arrivearret der in twadde Doc Brown mei in twadde Quantum Mind Jar, dy't ek ferklearret dat de misje goed beteard is, hoewol't it dreger wie as er ferwachte hie. Beide ferzjes fan Doc binne skokt as se foar it ferstân krije dat der no twa ferzjes fan Doc Brown besteane.

Doc Brown Saves the World is in koarte film dy't regissearre waard troch Robert Zemeckis nei in senario fan Zemeckis sels en Bob Gale. De film waard op 20 oktober 2015 direkt-op-fideo útbrocht as tajefte op 'e jubileum-dvd en -blu-ray fan 'e Back to the Future-trilogy dy't doe ferskynde. De koarte film stekt de draak mei de ûnder fans fan 'e franchise follebesprutsen ferskillen tusken hoe't de filmmakkers har de takomst yn 1989 foarstelden en hoe't 2015 der echt útseach, troch Doc Brown mei tiidreizgjen de ferskillen 'fuortpoetse' te litten.

Back to the Future (tillefyzjesearje)

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Back to the Future (tillefyzjesearje).

Back to the Future wie in Frânsk-Amerikaanske tekenfilmsearje basearre op 'e filmtrilogy, dy't fan septimber 1991 oant desimber 1992 twa seizoenen lang útstjoerd waard troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS. Yn totaal waarden der 26 ôfleverings fan makke troch de Universal Cartoon Studios y.g.m. inkele produksjemaatskippijen. De personaazjes fan Marty en Doc waarden ynsprutsen troch David Kaufman, resp. Dan Castellaneta, hoewol't Clara Clayton en Biff Tannen wol ynsprutsen waarden troch de oarspronklike akteurs Mary Steenburgen en Thomas F. Wilson.

Yn it ramt fan Back to the Future ferskynden de folgjende sountrackalbums:

Back to the Future: The Musical is in musical op basis fan 'e earste film, dy't op 20 febrewaris 2020 yn premiêre gie yn it Manchester Opera House yn Manchester. De muzyk foar it stik wie skreaun troch Alan Silvestri en Glen Ballard, wylst der ek hits út 'e oarspronklike soundtrack fan 'e film yn ferwurke waarden, lykas The Power of Love en Johnny B. Goode. Olly Dobson fertolke de rol fan Marty McFly en Tony Award-winner Roger Bart spile Doc Brown.

Fan eltse film fan 'e Back to the Future-trilogy ferskynde in 'ferboeking' wêryn't it ferhaal fan 'e film útwreide waard mei ekstra sênes, personaazjes en dialooch, dy't faak út eardere ferzjes fan it oangeande senario fuortsnien wiene.

Companionboeken

bewurkje seksje

Fan Back to the Future ferskynde yn 2012 by Hasslein Books it companionboek A Matter of Time: The Unauthorized Back to the Future Lexicon, fan 'e hân fan Rich Handley. In twadde diel, Back in Time: The Unauthorized Back to the Future Chronology, fan Handley en Greg Mitchell, kaam út yn 2013.

Yn 1992 waard in sândielige stripsearje útjûn troch Harvey Comics, wêryn't de fierdere aventoeren fan Marty McFly en Doc Brown beljochte waarden. Yn oktober 2015 publisearre IDW Publishing it earste diel fan 'e fiifdielige stripsearje Back to the Future: Untold Tales and Alternate Timelines, wêrfan't de teksten skreaun wiene troch Back to the Future-senarioskriuwer Bob Gale. It ferhaal gie û.m. yn op 'e earste moeting fan Marty en Doc. By deselde útjouwer ferskynden neitiid ek stripsearjes ûnder de titels Back to the Future: Tales from the Time Train, Back to the Future: Citizen Brown en Biff to the Future.

Fideospultsjes

bewurkje seksje

Yn it ramt fan Back to the Future ferskynden de folgjende fideospultsjes:

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Back to the Future (filmsearje)
lange films
Back to the Future (1985) • Back to the Future Part II (1989) • Back to the Future Part III (1990)
koarte films
Doc Brown Saves the World (2015)