Eastsee

(Trochferwiisd fan Baltyske see)

De Eastsee (hieltyd faker foutyf de Baltyske See neamd, in anglisisme op basis Baltic Sea) is in see, dy't it Skandinavysk Skiereilân skiedt fan it fêstelân fan Jeropa. De Eastsee is brakker as de Noardsee en de tijferskillen binne lytser. De see bestjit sûnt it 6e milennium f.Kr. Wat de foarm oangiet docht de Eastsee wol wat tinken oan in haadrivier mei sydrivieren (de Finske Golf en de Botnyske Golf). Ut geologysk ûndersyk docht bliken dat hjir yn it Pleistoseen in rivier rûn hawwe moat: de Eridanos.

Eastsee
geografy
type wetter binnensee / rânesee
lokaasje tusken it Skandinavysk
   Skiereilânen
it fêstelân
   fan Jeropa
lân Ålâneilannen (autonoom)
  Denemark
Dútslân
Estlân
Finlân
Letlân
Litouwen
Poalen
Ruslân
Sweden
koördinaten 58° N, 20° E
ûnderdiel fan Atlantyske Oseaan
sifers
maks. lingte 1.601 km
maks. breedte 193 km
oerflak 377.000 km²
djiptegemiddelde 55 m
djipste punt 459 m
wetterfolume 21.700 km³
In satellytfoto fan de Eastsee
In satellytfoto fan de Eastsee

Mei de wizers fan de klok mei,
grinzen oan dizze 'binnensee':

Ta de Eastsee yn rommere sin hearre ek de Botnyske Golf, de Finske Golf, de Golf fan Riga en lytsere baaien ('bochten') en haffen de kust fan Dútslân, Poalen, Ruslân en Litouwen bylâns.

Ofwettering en rivieren

bewurkje seksje

Estlân, Letlân, Litouwen en Poalen wetterje foar 100% ôf yn de Eastsee, de oare lannen mar foar in part. Ek Tsjechje, Slowakije, Oekraïne en Wyt-Ruslân wetterje foar in part harren boppewetter yn de Eastsee ôf.

De wichtichste rivieren dy't op de Eastsee ôfwetterje binne de Weichsel yn Poalen, de Oder ticht by de Poolsk-Dútske grins, de Daugava (of Westlike Dwina) yn Letlân en de Neva yn Ruslân.

Havens oan de Eastsee

bewurkje seksje
 
Havens oan de Eastsee

Gruttte havenplakken fuort- of tichtby de Eastsee binne:

Eilannen yn de Eastsee

bewurkje seksje

De grutste eilânnen yn de Eastsee binne: