Barnabas en Hilariontsjerke (Persterona)
De Tsjerke fan HH. Hilarion en Barnabas (Gryksk: Ἅγιοι Βαρνάβας καὶ Ἱλαρίων, Agioi Varnavas kai Ilarion) yn Peristerona op Syprus datearret út de 11e iuw. In soartegelikense tsjerke is de Agia Paraskevi yn Geroskipou, dy't foar in grut part ek út de 11e iuw stamt. De tsjerken geane wat harren ûntwerp oanbelanget op 'e yn 'e Justiaanske tiid stifte Jehannestsjerke fan Efeze en folgje it foarbyld fan 'e meardere koepels fan dy tsjerke. De toer fan 'e tsjerke is in lettere tafoeging.
Barnabas en Hilariontsjerke Ἅγιοι Βαρνάβας καὶ Ἱλαρίων | ||
Lokaasje | ||
lân | Syprus | |
plak | Peristerona | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 11e iuw | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
Kaart | ||
De patroanhilligen fan 'e trijskippige tsjerke moatte net betiizge wurde mei harren ferneamdere nammegenoaten, de apostel Barnabas en Hilarion fan Gaza. Oer de patroanhilligen fan Peristerona is net in soad bekend. Se soene út Kappadoasië komme en libben yn 'e tiid fan it regear fan Teodosius II (408-456 n.Kr.). Hja soene út aadlike famyljes stamme en tsjinnen yn it leger fan 'e kening, wêryn't hja opfoelen troch harren tawijing, moed en foarbyldige libben.
De tsjerke stiet sûnt 2004 op de foarlopige list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Ynterieur
bewurkje seksjeDe houten doar fan 'e tsjerke is in masterstik fan Byzantynsk fykwurk. Fan it oarspronklike ynterieur fan 'e tsjerke is net in soad bewarre bleaum. De ikonostaze is 16e-iuwsk. Oan 'e noardeastlike pylder is op 'e hichte fan 'e ikonostaze noch in 12e-iuwsk fragmint fan 'e Mem Gods bewarre bleaun en oan 'e noardwestlike pylder is in foarstelling fan kening David te werkennen.
Under de ikoanen falt in foarstelling fan Jezus yn 'e Timpel út 1520 op. Tusken Marije en Simeon, dy't Jezus op 'e earm hâldt, knibbelet de stifter. Ut de 17e iuw datearje in Mem Gods fan it type fan 'e Hodegetria en in foarstelling fan Jehannes de Doper. De oare ikoanen datearje út de 15e en 16e iuw en binne swier oerskildere.
Dat de tsjerke brûkt waard yn 'e tiid fan 'e greven fan Jaffa bewize twa grêfplaten en in moarmeren wijwetterbak.
Literatuer
bewurkje seksje- Andreas Schneider: Zypern. Archäologische Schätze, byzantinische Kirchen und gotische Kathedralen im Schnittpunkt der Kulturen. Ostfildern 2011, siden 136–139.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Barnabas en Hilariontsjerke, Peristerona. fan Wikimedia Commons. |