Baruch Lopes de Leao Laguna
Baruch Lopes de Leão Laguna (Amsterdam, 16 febrewaris 1864 – Auschwitz, 19 novimber 1943) wie in Nederlânske keunstskilder dy't assosjearre wurdt mei de Larenske Skoalle. Hy is benammen bekend fan portretten, genretafrielen en blomstillibbens. Hy en syn frou waarden beiden fermoarde yn de Holocaust. Hy sinjearre syn wurk mei B. Laguna.
Baruch Lopes de Leao Laguna | ||
keunstner | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 febrewaris 1864 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 19 novimber 1943 (79 jier) | |
stjerplak | Auschwitz-Birkenau |
Biografy
bewurkje seksjeOplieding en wurk
bewurkje seksjeBaruch Lopes de Leão Laguna wie de soan fan Salomon Lopes de Leão Laguna en Sara Kroese. Doe 't er tsien jier wie waard er wees en kaam er telâne yn it Portugeesk-Israëlitysk Weeshûs yn Amsterdam. Op syn fjirtjinde gie er nei de Quelliniusskoalle, dêr 't er oplaat waard ta dekoraasjeskilder. Yn 1880 waard er talitten ta de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten, dêr 't er les krige fan August Allebé en Barend Wijnveld.
Op syn santjinde moast Baruch Lopes de Leão Laguna it weeshûs ferlitte. Oant syn tweintichste wenne en wurke er yn de Amsterdamske joadebuert, ûnder oare yn it atelier fan Meijer de Haan. Hy krige wat bekendheid troch yllustraasjes te leverjen oan Elseviers Maandschrift.
Yn 1884 ferliet Baruch Lopes de Leão Laguna de Ryksakademy. In jier letter, yn 1885, waard er lid fan de keunstnersferiening Arti et Amicitiae, dêr 't er dat jier ek foar it earst eksposearre. Hy wie ek lid fan de keunstnersferiening Sint Lucas yn Amsterdam.
Baruch Lopes de Leão Laguna skildere in soad portretten fan wichtige persoanen neffens de werklikheid, lykas politikus Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Hendrik Colijn, opperrabbyn Abraham van Loen, akteur Louis de Vries en sakeman Sylvain Kahn. Dêrneist spesjalisearre er him yn it skilderjen fan blommen en ynterieurs. Ut en troch skildere er ek lânskippen, mar allinnich op fersyk fan de Larenske keunsthannel, omdat dy goed wiene foar eksport nei de Feriene Steaten.
Persoanlik libben
bewurkje seksjeBaruch Lopes de Leão Laguna troude mei Rosa Asscher, de dochter fan in diamantsliper, mei wa't er mear as ien bern krige. Om reden fan har sûnensproblemen ferhuze de húshâlding nei it Goai; sy wennen ûnder oare yn Laren en Blaricum.
Yn de Twadde Wrâldoarloch dûkte de húshâlding Lopes de Leão Laguna ûnder yn Laren. Op 23 april 1943 waard Baruch Lopes de Leão Laguna finzen naam en fuortfierd nei Kamp Vught. Dêrnei waard er nei Auschwitz-Birkenau deportearre, dêr't er op 19 novimber 1943 fermoarde waard. Rosie, syn frou, waard ek fermoarde yn Auschwitz op 11 febrewaris 1944.
Kar út syn wurk
bewurkje seksje-
Moadeûntwerper Sally de Berg
-
Poes krijt iten
-
Man dy't De Gooi- en Eemlander lêst
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Baruch Lopes de Leao Laguna fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |