Basilyk fan Aquileia
| ||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
De romaanske basilyk fan Aquileia of de Basilica Santa Maria Assunta is de eardere basilyk fan it patriargaat fan Aquileia en de haadtsjerke fan 'e Italjaanske stêd Aquileia. De tsjerke heart ta it UNESCO-wrâlderfgoed en hat de tsjerklike status fan basilica minor.
Skiednis
bewurkje seksjeDe skiednis fan 'e tsjerke hat syn woartels fuort nei it jier 313 nei Kristus, doe't der troch it Edikt fan Milaan in ein kaam oan 'e religieuze ferfolgeningen en de kristlike mienskip de kâns krige om sûnder beheinings in tsjerke te bouwen. Biskop Teodoarus joech opdracht ta de bou fan 'e tsjerke. Der moat yn dy tiid al in grutte kristenmienskip yn Auileia west ha, mei't in grut kompleks ûnstie.
Under Fortunatianus (biskop fan Aquileia 342-357) en Chromatius (388-408) waard it kompleks fierder fergrutte.
Aquileia wie in rike stêd oant yn 452 Attila de Hun de stêd oanfoel en ferneatige. Dêrmei kaam in ein oan de bloei fan 'e stêd. Ek de tsjerke waard foar in part ferneatige en mar foar in diel wer opboud foar de sûnt lytsere mienskip. Nei de ferbouwing wie de tsjerke in troch 28 pylders ferdield trijeskippich gebou sûnder apsis. It duorre oant yn 'e earste helte fan 'e 9e iuw doe't ûnder patriarch Maksentius mei stipe fan Karel de Grutte in grutte ferbouwing plak fûn. De súdlike hal waard op 'e nij brûkt en der waard in krypt oanlein foar de reliken fan Hermagoras en Fortutato.
In ierdskodding yn 988 feroarsake grutte skea. Dat brocht de út Dútslân ofkomstige patriarch Poppo derta om de tsjerke radikaal te ferbouwen. Tusken de earste helfte fan 'e 11e iuw oant de wijing yn 1031 ûnstie in romaanske tsjerke, dy't ryk is oan Ottoonske ynfloeden. De gevel waard op 'e nij boud (wêrby't de portyk fan Maksentius fan twa iuwen earder op it plak bleau), alle sydmuorren waarden ferhege en in houten kassettenplafond waard tafoege. Ek waarden it alter fernijd en de apsis beskildere. De grutte ferbouwing fan Poppo tsjûge fan 'e nije ekonomyske wolstân fan 'e stêd. Ek waard in letter ferneatige patriargaal paleis boud en in nije, grutte klokketoer fan mear as 70 m hichte, boud mei moarmeren blokken fan it âlde amfiteater. Yn 'e twadde helte fan 'e 12e iuw liet patriarch Ulrich fan Treffen de krypt beskilderje.
In nije ierdskodding yn 1348 twong patriarch Marquard fan Randeck om nije restauraasjes út te fieren en de rûne bôgen fan it middenskip te ferfangen troch spitsbôgen. De lêste grutte feroaring datearret fan 'e 15e iuw, doe't Fenesiaansk wurkfolk oproppen waard om it houten plafond yn te bringen, lykas dat tsjintwurdich noch te sjen is.
Ynterieur
bewurkje seksjeBy de tagong fan 'e basilyk, oan 'e lofterkant, stiet it Hillich Grêf, in bouwurk út de 11e iuw. De kapel wurdt brûkt by de fiering fan 'e liturgy yn 'e Goede Wike.
Mozaïken
bewurkje seksjeIt oerflak mozaïken beslacht goed 760 m² en is de âldste en benammen de grutste mozaykflier yn it Westen. De foarstellingen kinne yn fjouwer seksjes ferdield wurde.
De earste seksje bestiet út de portretten fan 'e skinkers, Salomonsknopen, fûgels en in lettere tafoeging fan in gefjocht tusken in hoanne en skyldpad.
Yn 'e twadde seksje binne foarstellings fan portretten yn medaillons en ôfbylden fan 'e seizoenen. Neffens guon binne yn 'e portretten keizer Konstantyn en oare leden fan 'e keizerlike famylje te werkennen, lykas syn mem Helena en de fjouwer soannen fan 'e keizer. De Romeinske keizer brocht tusken 313 en 333 n.Kr. ferskillende kearen in besite oan 'e stêd, dy't fan 'e keizer privileezjes en middelen krige. Ek is dêr in iere foarstelling fan Jezus as de Goede Hoeder mei in skiep op it skouder. Yn achthoekige kaders binne fisken, in hert, in gaselle en fûgels te sjen.
De tredde seksje, dêr't ea it alter stie, is in allegoaryske foarstellng fan 'e Oerwinning mei kroan en palm. De betsjutting is fan grut belang yn 'e ierkristlike tsjerke, dy't as oerwinner út de striid kaam en yn feite nei it edikt fan Konstantyn de belangrykste religy fan it Romeinske Ryk waard.
De lêste seksje bestiet út it mozayktapijt dat in see mei fisken foarsteld mei it ferhaal fan Jona, de joadske profeet, dy't troch God stjoerd waard om yn Ninevé te preekjen. Jona fersette him en flechte op in Fenisysk skip, mar hy waard troch it seefolk yn 'e see smiten en opslokt troch in seemeunster, dy't Jona wer útspijde. It ferhaal is in weromkommend motyf yn 'e ierkristlike keunst, om't it nau ferbûn is mei de opstanning út de deaden. Om de linen dy't de weagen útbyldzje bine fisken, oktopussen, wringeleazen en sels einen te sjen.
Krypt
bewurkje seksjeOarspronklik bestie de krypt út in trijeskippich fjouwerhoekige romte, dy't ûnder patriarch Maksentius oan 'e begjin fan 'e 9e iuw boud waard om de reliken fan 'e hilligen yn ûnder te bringen. De krypt krige syn hjoeddeiske foarm yn 'e tiid fan patriarch Poppo yn 'e 11e iuw mei de tafoeging fan 'e apsis. De hiele krypt, ynklusyf de pylders, is yn 'e 12e iuw beskildere mei ferhalen oer it libben fan Jezus en Marije (sydmuorren), hilligen (ferwulften) en fan Sint-Markus en Sint-Hermagoras. Der is ek in foarstelling fan 'e Untsliepenis fan 'e Jongfaam en der is in sêne fan in striid tusken in westerske en easterske ridder (de lêste sjocht achterom wylst er syn bôge rjochtet).
-
Markus kriget opdracht fan Petrus om yn Aquileia it Bliid Boarskip te ferkundigjen.
-
It folk fan Aquileia kiest foar Hermagoras as harren religieuze lieder.
-
Ynwijing Hermagoras troch Petrus ûnder tafersjoch fan Markus.
-
Hermagoras doopt Gregoarius en famylje.
-
Unthalzing fan Hermagoras.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|