Baywatch Nights
Baywatch Nights wie in Amerikaanske tillefyzjesearje dy't rûn fan 1995 oant 1997. It wie in spin-offsearje fan 'e bekendere en tige populêre aksjesearje Baywatch, yn 'e foarm fan in detektivesearje dy't healwei oergie yn in science fiction-tillefyzjesearje. Baywatch Nights wie gjin grut súkses, en waard nei twa seizoenen omreden fan ôffallende sjochsifers stopsetten.
Baywatch Nights | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
ûntwikkele troch | Michael Berk Douglas Schwartz Gregory J. Bonann David Hasselhoff | |
produsint | John F. Burnett Francis Conway James Pergola Bruce A. Pobjoy | |
útfierend produsint |
Michael Berk Douglas Schwartz Gregory J. Bonann David Hasselhoff Maurice Hurley | |
tillefyzjestudio | The Baywatch Company Tower 12 Productions Tower 18 Productions | |
spilers | ||
haadrollen | David Hasselhoff Gregory Alan Williams Angie Harmon Lisa Stahl Lou Rawls Eddie Cibrian Donne D'Errico Dorian Gregory | |
skaaimerken | ||
sjenre | detektivesearje science fiction-searje | |
seizoenen | 2 | |
jierren | 1995 – 1997 | |
tal ôfl. | 44 | |
spyltiid (ôfl.) | 45-48 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
besibbe searjes | Baywatch |
Produksje
bewurkje seksjeBaywatch Nights wie in tillefyzjesearje fan deselde filmprodusinten as Baywatch, dêr't it fan ôflaat wie. De searje waard makke troch Michael Berk, Douglas Schwartz, Gregory J. Bonann en David Hasselhoff, foar The Baywatch Company.
It oarspronklike útgongspunt fan Baywatch Nights wie dat plysjeman Garner Ellerbee, in personaazje dat diel útmakke fan 'e fêste cast yn Baywatch, in midlifekrisis kriget en beslút om ûntslach te nimmen. Hy begjint dêrnei in detektiveburo, en syn maat, strânwacht Mitch Buchannon, beslút om him te helpen en wurdt syn sakepartner. De beide mannen krije dan fersterking fan 'e froulike privee-detektive Ryan McBride.
Sjonger Lou Rawls, dy't de titelsong fan 'e searje, After the Sun Goes Down, ynsong, spile yn it earste seizoen de rol fan Lou Raymond, de eigner fan in nachtklub dêr't de detektives kantoarromte hiere. Midden ûnder it earste seizoen waarden twa nije castleden yntrodusearre: Griff Walker en Donna Marco.
Oan 'e ein fan it earste seizoen bedarren de sjochsifers fan Baywatch Nights, dy't dochs al nea de sjochsifers fan Baywatch belykje koene, yn in frije fal omleech. De produsinten lieten har doe ynspirearje troch it súkses fan The X-Files, en besleaten foar it twadde seizoen oer te gean fan in detektivesearje op in science fiction-tillefyzjesearje. It personaazje Garner Ellerbee waard út 'e searje skreaun en ferfongen troch Diamont Teague, in ekspêr op it mêd fan it paranormale. Dy feroarings mochten net bate, en de produksje fan Baywatch Nights waard nei twa seizoenen stopset.
It personaazje Donna Marco, spile troch Donna D'Errico, makke neitiid de oerstap nei de oarspronklike Baywatch-searje.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise | fêste rol yn |
Mitch Buchannon | David Hasselhoff | seizoen 1 en 2 |
Garner Ellerbee | Gregory Alan Williams | seizoen 1 |
Ryan McBride | Angie Harmon | seizoen 1 en 2 |
Destiny Desimone | Lisa Stahl | seizoen 1 ôfl. 1–10 |
Lou Raymond | Lou Rawls | seizoen 1 |
Griff Walker | Eddie Cibrian | seizoen 1 ôfl. 11-22, en seizoen 2 |
Donna Marco | Donna D'Errico | seizoen 1 ôfl. 11-22, en seizoen 2 |
Diamont Teague | Dorian Gregory | seizoen 2 |
personaazje | akteur/aktrise | te sjen yn |
Eddie Kramer | Billy Warlock | seizoen 1 ôfl. 14 |
Mike "Newmie" Newman | Michael Newman | seizoen 1 ôfl. 14 en 16; seizoen 2 ôfl. 8 |
Caroline Holden | Yasmine Bleeth | seizoen 1 ôfl. 16 |
Stephanie Holden | Alexandra Paul | seizoen 2 ôfl. 19 |
Seizoenen
bewurkje seksjeseizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
1 | 22 | 30 septimber 1995 | 18 maaie 1996 | syndikaasje |
2 | 22 | 29 septimber 1996 | 17 maaie 1997 |
Keppelings om utens
bewurkje seksjeSjoch ek
bewurkje seksje- Baywatch (tillefyzjesearje)
- Baywatch: Forbidden Paradise
- Baywatch: White Thunder at Glacier Bay
- Baywatch: Hawaiian Wedding
- Baywatch (film)
- Babewatch
- Boobwatch
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |