Gregory J. Bonann

(Trochferwiisd fan Tower 18 Productions)

Gregory J. Bonann (Santa Monica, 28 juny 1952) is in Amerikaansk strânwacht, filmprodusint, regisseur en senarioskriuwer, dy't it bekendst wurden is as ko-produsint fan 'e populêre aksjesearje Baywatch út 'e 1990-er jierren. Letter wied er ek belutsen by searjes as She Spies en SAF3.

Gregory J. Bonann
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gregory J. Bonann
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 28 juny 1952
berteplak Santa Monica (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as filmprodusint, regisseur,
senarioskriuwer
bekenste
  produksje(s)
Baywatch
She Spies
SAF3
jierren aktyf 1989 – no
offisjele webside
www.tower18.tv

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Bonann waard yn 1952 berne yn Santa Monica, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Syn heit, Louis John Bonann, wie in dokter en in feteraan út 'e Twadde Wrâldoarloch, wylst syn mem, Regina Caput, in bankbetsjinde wie. Bonann waard grutbrocht yn Los Angeles, yn in roomske húshâlding mei twa susters: Kathleen en Deborah. As bern hied er yn hege mjitte te lijen ûnder astma en allergyen. Boppedat kaam er te wrâld mei klompfuotten en slimme fisuële beheinings. Foar't er twa jier wie, helle er it twaris by de dea om 't ôf.

Fan 1967 oant 1970 folge Bonann fuortset ûnderwiis oan 'e Palisades High School yn 'e Los Angelynske wyk Pacific Palisades. Om't syn allergyen it meidwaan oan bûtendoarsport ûnmooglik makken, joech er him by it swimteam fan 'e skoalle, mei as spesjaliteit de rêchslach. Tsjin dy tiid beskikte er oer kontaktlinzen om syn gesichtsfermogen te korrizjearjen, mar dêr koed er net mei swimme om't se dan fuortspielden. Sadwaande hied er ferlet fan in spesjale swimbril op sterkte om yn it wetter sjen te kinnen.

Nei't er slagge wie foar syn eineksamens, learde Bonann yn 'e hjerst fan 1970 fierder oan 'e Steatsuniversiteit fan Washington (WSU) yn Pullman, dêr't er foar in diel in stúdzjebeurs foar wûn hie op basis fan syn fermogens as swimmer. Hy waard útkeazen troch it Amerikaansk Olympysk Komitee (USOC) om yn training te gean foar dielname oan 'e moderne fiifkamp. Hoewol't er him net kwalifisearre foar de Olympyske Simmerspullen fan 1972, reizge er al ôf nei München om syn teamgenoaten oan te moedigjen. Doe't de WSU it manljusswimmen út it universitêr sportprogramma skraste, liet Bonann him oerpleatse nei de Steatsuniversiteit fan Kalifornje, Long Beach yn Long Beach, ûnder de reek fan Los Angeles. Dêr gied er troch mei swimmen oant er yn 1974 ôfstudearre mei in bachelorgraad yn sjoernalistyk.

Wurkpaad as strânwacht

bewurkje seksje

Bonann sette yn 1970 útein mei wurk as strânwacht yn Los Angeles. Nei't er de foaroplieding mei súkses trochrûn hie, mocht er sels in post útsykje; hy keas doe de strânwachttoer nû. 18, op it Will Rogers Steatsstrân, fuortby it hûs fan syn âlden. Yn 1975 kaam er as strânwacht yn 'e tsjinst fan Los Angeles County, doe't de selsstannige strânwachttsjinst fan 'e stêd Los Angeles opgie yn 'e Los Angeles County Lifeguards fan 'e county. Fan dy tiid ôf wurke er op 'e strannen fan 'e Sintrale Seksje, wêrûnder it Will Rogers Steatsstrân, it Steatspark Topanga, Santa Monica Beach, Venice Beach en Playa Del Rey.

Yn 'e simmer fan 1977, doe't er op it Will Rogers Steatsstrân patrûljearre, fierde Bonann in frij rûtinemjittige rêdingsaksje út foar guon bern dy't troch de ûnderstreaming nei see spield drigen te wurden. De heit fan 'e bern wie Stu Erwin jr., in funksjonaris by MTM Enterprises; dat wie de tillefyzjestudio fan Grant Tinker, dy't letter algemien direkteur fan it Amerikaanske nasjonale tillefyzjenetwurk NBC wurde soe. Sa bea it tafal oan Bonann de kâns om syn idee foar in tillefyzjesearje oer strânwachten foar te lizzen oan Erwin en Tinker, dy't him mear as tsien jier letter helpe soene om wat úteinlik Baywatch wurde soe, by NBC op 'e tillefyzje te bringen.

Yn 1989, doe't Bonann mei Douglas Schwartz en Michael Berk, de oare filmprodusinten fan Baywatch, en ferskate oare meiwurkers by Venice Beach lokaasjes oan it ferkennen wie foar de searje, waard Bonann troch in tinerjonge om help frege dy't syn maat yn 'e weagen kwytrekke wie. Bonann sprong daliks de see yn en wist nei trije lange dûken de fermiste jonge werom te finen. Dy hie doe al ferskate minuten ûnder wetter west, mar Bonann wist him mei mûle-op-mûlebeäzeming te reänimearjen wylst er noch oan it wettertraapjen wie. De jonge waard nei it sikehûs brocht en kaam der wer hielendal boppe-op. Bonann ûntfong foar dizze rêdingsaksje yn 1989 de Medal of Valor (Dapperheidsmedalje) fan Los Angeles County.

 
Bonann yn 1989 oan it wurk as strânwacht op it Steatsstrân Will Rogers yn Kalifornje.

Yn 1994 waarden de Los Angeles County Lifeguards in ûnderdiel fan it Los Angeles County Fire Department, de brânwacht fan 'e county. Yn 2001 waard Bonann in strânwacht yn Honolulu, op Hawaï. Yn 2013 liet er him oerpleatse nei de Noardlike Seksje fan Los Angeles County, mei û.m. Zuma Beach en it Steatsstrân Malibu Lagoon. Op Zuma Beach waard er strânwachtynstrukteur. Yn 2019 begûn er oan syn fyftichste tsjinstjier as strânwacht. Yn 1996 waard Bonann troch de International Life Saving Federation, de ynternasjonale organisaasje fan strânwachten, ûnderskaat as ridder yn 'e Oarder fan it Rêden fan Libbens. Yn 2000 waard er opnommen yn 'e International Swimming Hall of Fame.

Karriêre yn 'e tillefyzje- en filmyndustry

bewurkje seksje

Syn karriêre yn 'e tillefyzje- en filmyndustry begûn Bonann yn 1978, doe't er yn 'e tsjinst nommen waard troch John J. Hennessy, de eigner fan 'e lytse filmstudio JJH Productions. Dyselde produsearre films foar it Amerikaansk Olympysk Komitee (USOC), en Bonann kaam mei de man yn 'e kunde om't er noch altyd konneksjes mei it USOC ûnderhold. Hennessy naam Bonann ûnder syn hoede en learde him hoe't men dokumintêres filmje, regissearje en produsearje moast. Bonann syn earste grutte projekt op it mêd fan film wie Fire and Ice, de offisjele film fan it USOC foar de Olympyske Winterspullen fan 1980 yn Lake Placid, dêr't er ferskate prizen mei wûn. Yn dy film waard it ferhaal ferteld fan 'e oerwinning fan it Amerikaanske manljusiishockeyteam op dat fan 'e Sovjet-Uny en de fiif gouden medaljes dy't Eric Heiden yn it hurdriden behelle hie.

Doe't Hennessy yn 1983 kaam te ferstjerren, naam Bonann JJH Productions oer. Hy produsearre mei dy studio noch mear as tweintich films, wêrûnder twa oare offisjele films fan it USOC. Dat wiene Frozen in Time, oer de Olympyske Winterspullen fan 1984, yn Sarajevo, en Elements of Gold, oer de Olympyske Simmerspullen fan datselde jier, dy't yn Los Angeles holden waarden. Beide films waarden mei ferskate prizen bekroand. Yn 1987 rjochte Bonann syn eigen produksjebedriuw op, dat er Tower 18 Productions neamde, nei syn oarspronklike strânwachttoer op it Will Rogers Steatsstrân. Syn earste projekt foar dy nije studio wie noch wer in offisjele film foar it USOC, City of Gold, oer de Olympyske Winterspullen fan 1988 yn Calgary.

Sûnt de midden fan 'e 1970-er jierren hie Bonann al it idee om in tillefyzjesearje oer strânwachten te meitsjen. Nei't er yn 1977 mei Stu Erwin jr. en Grant Tinker fan MTM Enterprises yn 'e kunde kommen wie, hied er harren dat plan foarlein, dat doe de titel ACES hie, frij fertaald "toppers", in backronym foar Aquatic Corps of Emergency Service. De beide mannen seagen der op dat stuit net folle yn, mar Erwin fitere Bonann oan om syn idee fierder te ûntwikkeljen. Yn 1981, doe't Bonann ûnderwilens foar JHH Productions wurke, feroare er de namme yn 'Baywatch' ("Baaiwacht"), en besocht er it op 'e nij oan man te bringen. Dêr hied er lykwols jierrenlang gjin súkses mei.

Mids 1980-er jierren kaam Bonann yn 'e kunde mei tillefyzjeprodusinten en senarioskriuwers Douglas Schwartz en Michael Berk, doe't Schwartz himsels ferloofde mei Bonann syn suster Deborah. De beide mannen stimden deryn ta om Bonann mei syn projekt te helpen. Nei't se it fierder ûntwikkele hiene, giene se der op 'e nij mei nei Stu Erwin jr., dy't noch altyd foar Tinker wurke, no by dy syn nije studio GTG Entertainment. Yn 1988 namen Tinker en Erwin Baywatch op yn harren list fan te ferwêzentlikjen projekten. Fanwegen de staking fan it Writers Guild of America, it fakbûn fan senarioskriuwers, fan dat jier, koe GTG gjin skreaun skript brûke om Baywatch foar te lizzen oan 'e nasjonale tillefyzjenetwurken, dat sadwaande frege Tinker oan Bonann om in fideopresintaasje gear te stallen. Bonann brûkte doe de filmcrew fan Tower 18 Productions om in filmke op te nimmen, mei syn eigen strânwachtkollega's yn 'e haadrol. Op basis dêrfan kocht Brandon Tartikoff, de algemien direkteur fan NBC, de pilotôflevering fan 'e searje oan. Nei't de pilot makke wie pikte NBC Baywatch op foar it earste seizoen.

Nei ien seizoen sette NBC de searje lykwols stop. Dat hie te krijen mei ôffallende sjochsifers yn kombinaasje mei it opdoeken fan GTG Entertainment. Tinker ferkocht dêrop de rjochten op Baywatch foar $10 werom oan Bonann. Om't se fûnen dat de searje in ûnoanboarre potinsjeel foar súkses hie, besleaten hy, Schwartz, Berk en haadrolspiler David Hasselhoff om út eigen middels de opnamen foar in twadde seizoen te finansieren. Dêrta rjochten se The Baywatch Company op. It twadde seizoen waard yn syndikaasje op 'e Amerikaanske tillefyzje brocht, en waard sa'n súkses dat der noch njoggen seizoenen makke waarden. De lêste twa seizoenen spile de searje omreden fan kostebesunigings net mear yn Kalifornje, mar yn Hawaï, en hiet dêrom doe Baywatch: Hawaii. Der waarden ek trije tillefyzjefilms makke: Baywatch: Forbidden Paradise (1995), Baywatch: White Thunder at Glacier Bay (1998) en Baywatch: Hawaiian Wedding (2003). Fierders kaam der fan 1995 oant en mei 1997 ek noch in spin-offrige op 'e Amerikaanske tillefyzje, Baywatch Nights.

Troch syn status as jierrenlang lid fan 'e Los Angeles County Lifeguards krige Bonann tastimming om in funksjonearjende filmset te bouwen boppe-op it eigentlike haadkertier fan 'e strânwachten op it Will Rogers Steatsstrân. Baywatch waard wrâldwiid yn 145 lannen en territoaria útstjoerd. De searje waard yn 2001 yn it Guiness Book of World Records opnommen as de meast (be)sjoene tillefyzjesearje yn 'e wrâld, mei eltse wike in publyk fan trochinoar 1,1 miljard minsken. Tsjin 2001, doe't de searje einlings op syn ein rûn, hie Bonann 289 ôfleverings produsearre fan Baywatch, Baywatch: Hawaii en Baywatch Nights. Ek hied er 75 ôfleverings regissearre en 400 fan syn opfallende muzykmontaazjes foar de searjes makke. Yn 2017 wiene Bonann, Schwartz en Berk ek as produsinten belutsen by de film Baywatch, dy't loskes op 'e searje basearre wie.

Njonken syn wurk oan Baywatch produsearre Bonann ferskate pilotôfleverings, tillefyzjesearjes en tillefyzjefilms, wêrûnder Steel Chariots (1997), Avalon: Beyond the Abyss (1999) en it Hulk Hogan-fehikel Thunder in Paradise (1994). Yn 2002 brochten netwurk NBC en studio MGM Television de nije searje She Spies op 'e tillefyzje, mei yn 'e haadrol Natasha Henstridge. Nei fjouwer ôfleverings rûnen de produksjekosten sa op, dat it hiele projekt stillein wurde moast. NBC helle Bonann derby om 'e swierrichheden op te lossen, wêrnei't de produksje fierder gie en de searje twa hiele seizoenen fan yn totaal fjirtich ôfleverings rûn.

Yn 2008 setten Bonann en syn partner Tai Collins, dy't ek as senarioskriuwer by Baywatch belutsen west hie, útein mei de ûntwikkeling fan in nije aksjedramasearje oer de rêdingstsjinsten op see en yn 'e loft en de brânwacht yn it Kalifornyske Malibu (hoewol't de searje opnommen waard yn Súd-Afrika om't dat goedkeaper wie). Yn 't earstoan soe dy Rescue 3 komme te hjitten, mar nei't se in kontrakt sletten hiene mei Emmet/Furla/Oasis Films waard de searje omneamd ta SAF3 (S fan Sea, A fan Air en F fan Fire Department, "brânwacht"). De opnamen begûnen yn 2013 yn Kaapstêd, mei Dolph Lundgren en J.R. Martinez yn 'e haadrollen. De searje waard yn syndikaasje útbrocht en waard ferkocht oan 66 lannen en territoaria.

Goeddiedichheid

bewurkje seksje

Yn 1992 rjochten Bonann en Tai Collins in non-profitorganisaasje op dy't se The Camp Baywatch Foundation neamden. It wie in stifting dy't dakleaze bern en bern út hege-risikohúshâldings út 'e binnenstêd fan Los Angeles op simmerkamp stjoerde op 'e kampus fan 'e Pepperdine Universiteit by Malibu, dêr't harren swimmen leard waard en oare saken dy't te krijen hiene mei feilichheid en wetter. Troch syn konneksjes helle Bonann dêr strânwachten, Olympyske swimmers en akteurs út Baywatch hinne om 'e lessen te fersoargjen. Letter waard it projekt útwreide ta in programma dat it hiele jier rûn trochgie, mei meiwurking fan it Los Angeles Unified School District, it Los Angeles Fire Department, it Los Angeles Police Department, de Housing Authority of the City of Los Angeles en it Los Angeles Department of Recreation and Parks. Doe't Baywatch yn 2001 einige, waard de namme fan 'e stifting feroare yn de A Chance for Children Foundation.

Yn 2013, doe't se yn Súd-Afrika SAF3 opnamen, rjochten Bonann en Collins in nije tûke fan A Chance for Children op yn Kaapstêd. Dêrby leine se har ta op it beskikber meitsjen fan ûnderwiis foar bern út 'e swarte townships Langa, Gugulethu en Khayelitsha.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.