Underbrekkingsstippen

(Trochferwiisd fan Beletselteken)

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

De ûnderbrekkingsstippen (Nederlânsk: beletselteken) binne in lêsteken fan trije puntsjes (…). De ûnderbrekkingsstippen wurde ek wol trochrinpuntsjes neamd en tsjutte in ellips oan; jo hawwe it ek wol oer puntsjepuntsjepuntsje. As de ûnderbrekkingsstippen oan de ein fan in sin steane, komt der net nochris in punt efter: En doe waard it stil …

It teken wurdt brûkt:

  • Om oan te jaan dat in part fan in sin fuortlitten is.
    En oer dit ûnderwerp is noch folle mear te sizzen, mar …
  • Om oan te jaan dat in part fan in wurd fuortlitten is.
    Tink om de drom…
  • Om in skoft oan te jaan, eventueel om de spanning op te fieren en mear omtinken fan harkers of lêzers te freegjen.
    En wa kaam der krekt oan … Gurbe.
  • Om yn in sitaat oan te jaan dat der wat fuortlitten is. Meastentiids wurdt it dan tusken heakjes set.
    De sinne is in (…) wichtige stjer. Hjir is fuortlitten: foar ús oer alle boegen.
  • Om oan te jaan dat der oer wat neitocht wurde moat.
    Under de brân flechte de pastoar mei it wiif (…) út de pastorij.
  • By in opsomming om net alle wurden werjaan te hoegen.
    Hy hold fan boeken mei as ûnderwerp: filosofy, psychology …

De ûnderbrekkingsstippen wurde wolris ellips neamd, oan de iene kant troch it lykjen op it Ingelske ellipsis en oan de oare kant troch it brûken yn in ellips.

Umberto Eco hat yn Op reis met een zalm[1] in essee skreaun oer de ûnderbrekkingsstippen. Neffens him ûnderskied in minne skriuwer him fan in goede troch it in soad brûken fan dit lêsteken. De emosjonele toan yn it wurk fan de Frânske skriuwer Louis Ferdinand Céline, in srkiuwer dy’t krekt gauris priizge wurdt om syn styl, wurdt mei berikt troch it faak brûken fan de ûnderbrekkingsstippen.

Yn programmeartalen

bewurkje seksje

Hoewol’t yn programmeartalen ek trije puntsjes brûkt wurde foar in beskate funksjonaliteit is dy notaasje troch de bank nommen net út te wikseljen mei de ûnderbrekkingsstippen yn Unicode (U+2026). Ek is it by programmeartalen meast gjin needsaak om spaasjes oan wjerskanten fan de trije puntsjes te setten.

Yn de programmeartalen CIC, C++ en Java wurde de trije puntsjes brûkt yn de deklaraasje fan in funksje dy’t inkeld mei mear en inkeld mei minder arguminten oanroppen wurdt. Dêrfoar wurde yn it prototype yn de funksjedeklaraasje nei (eventueel) in tal arguminten dy’t altyd meijûn wurde moatte de eventuele fierdere arguminten oanjûn mei trije puntsjes.

By it brûken fan dy fasiliteit kin de compiler net beöardielje oft it eigentlike tal arguminten kloppet, en sil ûnder it rinnen fan it programma neffens de iene of d’oare konfinsje oanjûn wurde moatte hoefolle arguminten der werklik binne. It bekendste foarbyld binne (standert)rûtines as (s)printf:

int sprintf(char * buffer , char * formatstring , ... );

Hjir moat it tal arguminten dat yn it plak fan de trije puntsjes ynfolle wurde oerienkomme mei it tal prosinttekens (dy’t in printformaat oanjouwe) yn formatstring. Binne der minder dan kin it programma fêstrinne, binne der mear, dan wurde se negearre. Lykas sein kin de kompjûter dat net neigean.

Yn Perl is ... in “berik”-operator dy’t in boolean opsmyt en gewoanwei brûkt wurdt om te easkjen dat it aktuele rigelnûmer binnen in beskaat berik falt; bygelyks:

while (<>)
{
if (5 ... 18) { print; }
}

printet de rigels 5 o/m 18 út de ynfier ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oarspronklike titel: Il secondo diario minimo, Milano: Fabbri Bompiani, Sonzogno, Etas 1992. Yn it Nederlânsk oerset as Omgekeerde wereld (1993), Op reis met een zalm (1995) en Op reis met een zalm en andere vermakelijke verhalen (1998, ISBN 9057133008).