In Benefysjaalboek is in gemeentlik boek mei listen oer grutte, grinzen en jierlikse opbringsten fan de patroans, pastorije-, fikary en prebindeguod fan alle Fryske parochys binnen harren grûngebiet.

Side út in Benefysjaalboek

Yn 1542 joech Karel V de Fryske gemeenten opdracht om Benefysjaalboeken oan te lizzen. Dy binne foar it meastepart fan de stêden en gritenijen bewarre bleaun. Allinnich Frjentsjerteradiel, Aenjewier, Gaasterlân, Skoatterlân en ferskate doarpen ûntbrekke. Der bestiet in útjefte fan, yn 1774 printe, mar earst yn 1850 troch Jacob van Leeuwen publisearre. Omdat in faak brûkte en detaillearre boarne is, dy't in skerp ynsjoch jout yn de finansiering fan de midsiuwske Fryske parochytsjerken en harren betsjinners, en boppedat in soad nammen en gegevens oer it brûken fan lân jout, binne der plannen om in analoge én in digitale útjefte te meitsjen.

De Fryske Akademy is fan doel om de teksten fia de website beskikber te stellen. Boppedat sil dan in register op namme en in register op plak gearstald wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: