Berjocht:Side fan de wike 2025/wike 12

De 1920-er jierren, ek oantsjut as de tweintiger jierren en de jierren ’20, wiene in desennium fan 'e 20e iuw neffens de Gregoriaanske kalinder. Rekkenkundich sjoen begûn it op 1 jannewaris 1921 en duorre it oant en mei 31 desimber 1930, mar yn 'e regel wurdt ornearre dat it duorre fan 1 jannewaris 1920 oant en mei 31 desimber 1929. Dit earste desennium fan it Ynterbellum krige yn it Ingelsk de bekende bynamme fan 'e Roaring Twenties, letterlik de "Brullende Tweintiger Jierren", in oantsjutting dy't ferwiist nei de ekonomyske oplibbing nei de ferskrikkings fan 'e Earste Wrâldoarloch, de maatskiplike en kulturele fernijings yn it Westen en de algemiene positive ynstelling dy't it desennium dominearre. Wylst guon dielen fan 'e wrâld, benammen yn East-Jeropa, ôfglieden nei faksisme mei totalitêre rezjyms, oerhearske yn Noard-Amearika en West-Jeropa oer it algemien it optimisme. Dêr kaam abrupt in ein oan mei de beurskrach fan 1929, dy't it begjin fan 'e Grutte Depresje en de oergong nei de 1930-er jierren foarme.

Lês fierder