Berjocht:Tema:Fryslân/Op dizze dei/3 maart
- 1175 - Freark fan Hallum, Frysk pastoar en stifter fan Kleaster Mariëngaard ferstoarn (* ±1113).
- 1580 - It Ferrie fan Rennenberg: de greve fan Rennenberg, steedhâlder fan Fryslân, Grinslân en Drinte rint yn 'e Tachtichjierrige Oarloch oer nei de Spanjerts.
- 1860 - Johannes Kuiken, Frysk drukker, útjouwer en polityk aktivist berne († 1936).
- 1900 - Anne Jousma, Frysk skriuwer berne († 1981).
- 1914 - Klaas Koelstra, Frysk fersetsstrider berne († 1944).
- 1918 - Jacobus Zantema, Frysk taalkundige en wurdboekskriuwer berne († 2008).