Berlynske Muorre

(Trochferwiisd fan Berliner Muorre)

De Berlynske Muorre (Dútsk: Berliner Mauer) hat de stêd Berlyn yn twa stikken ferparte fan 1961 oant 1989. De totale grins om West-Berlyn hinne wie ûnderdiel fan de Dútsk-Dútske grins en wie 167,8 km lang, dêr't 45,1 km fan foarme waard troch de Berlynske Muorre. De Berlynske Muorre wie it bekendste symboal fan de Kâlde Kriich. By flechtbesikings hawwe minstens 136 minsken it libben ferlern.

Parade by de bou fan de Berlynske muorre

Dútslân nei de Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje
 
Dútske besettingsônes nei de twadde wrâldkriich

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Dútslân ferparte yn ferskate sônes, ien foar eltse alliearde naasje: Frankryk, Grut-Brittanje, de Feriene Steaten en de Sowjetuny. Oer it generaal sjoen wie Dútslân ferdield yn fjouwer sônes. Ek de haadstêd Berlyn hie yn fjouwer besettingsônes en wie dêrtroch in eksklave fan de Sowjet sône. Yn 1949, binne de Frânske, Britske, en Amerikaanske sône gearfoege ta de Federale Republyk Dútslân (Bundesrepublik Deutschland, BRD). De Sowjetsône krige de namme Dútske Demokratyske Republyk (Deutsche Demokratische Republik, DDR). Fergelykjend wie Eastenryk ek parte yn ferskate sônes (letter ûnder it regear fan ien lân). Itselde barde oer hiel Jeropa, der wie in eastlike Sowjetsône en in westlike net-Sowjetsône. Dit partsjen fan Jeropa, Dútslân en benammen Berlyn ta twa politike blokken wurd as in part sjoen fan de Kâlde Kriich tusken de Feriene Steaten mei Jeropeeske lannen tsjin de Sowjetuny mei lannen ûnder harren regear, as gefolch fan it winnen fan de Twadde Wrâldkriich op Nazi-Dútslân.

Hoe't de muorre ta stân kaam

bewurkje seksje

Sûnt it partsjen fan Dútslân yn 1949, binne likernôch twa miljoen East-Dútsers as gefolch fan it Kommunisme útnaait nei West-Dútslân. Om it flechten te stopjen joech it Kommunistysk regear fan East-Dútslân yn augustus 1961 it befel in muorre te bouwen om West-Berlyn te isolearjen en East-Berliners net flechtsje te litten.
De Berlynske muorre wie in part fan it saneamde Izeren Gerdyn, de sletten en goed beweitse stikeltriedgrins tusken it westen en it easten.

De ein fan de muorre

bewurkje seksje

Yn de rin fan 1989 kamen der brekken yn it Izeren Gerdyn, earst yn de grins tusken Hongarije en Eastenryk. In protte minsken makken gebrûk fan dizze rûte om yn it westen te kommen.
Op 9 novimber 1989 joech ien fan de heechste DDR partijlieders oan dat de grins frijjûn waard en de minsken frij nei West-Berlyn reizgje mochten. Dit wie it begjin fan in gaoatyske situaasje wêrby't miljoenen ynwenners fan Berlyn feesten op de ein fan de muorre. De grinswachten lieten de minsken gewurde en dy brutsen de grinsposten iepen om sa besite te bringen oan harren besibbe famylje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Berlin Wall fan Wikimedia Commons.