Bernard Egbert Sjuck van Welderen Rengers
Bernard Egbert Sjuck van Welderen Rengers (Ysbrechtum, 10 oktober 1825 - "Huize Boschoord", Legemar (ûnder Sint-Nyk), 23 april 1897) wie boargemaster fan de Fryske gemeente Doniawerstal.
Bernard Egbert Sjuck van Welderen Rengers | ||
politikus | ||
Bernard Egbert Sjuck van Welderen Rengers, 1850 Bastiaan de Poorter (1813-1880) | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 10 oktober 1825 | |
berteplak | Ysbrechtum | |
stjerdatum | 23 april 1897 | |
stjerplak | Legemar | |
etnisiteit | Frysk | |
boargemaster fan Doniawerstal | ||
amtsperioade | 1858-1896 |
Biografy
bewurkje seksjeRengers waard yn 1825 yn Ysbrechtum berne as telch út it geslacht Rengers en soan fan de grytman fan Wymbritseradiel, Sjuck van Welderen baron Rengers, en Wilhelmina van Beeck Calkoen. As jonge fan 11 lei er yn 1837 de earste stien fan de nije tsjerke "De Karmel" yn Wâldsein. Yn 1852 promovearre er yn de rjochten op stellingen (Theses juridicae inaugurales) oan de Universiteit fan Utert. Hy gie dêrnei yn de fuotleasten fan syn heit, grut- oergrut- en betoerpake, dy 't grytmannen yn Fryslân wiene. De funksje fan grytman wie ûnderwilens wizige yn dy fan boargemaster.
Hy waard gjin boargemaster fan Wymbritseradiel, dêr't syn foarâlden de skepter swaaiden, mar fan Doniawerstal. By Keninklik Beslút d.d. 28 april 1858 waard er beneamd ta boargemaster fan dy gemeente. Hy ferfolle dat amt hast fjirtich jier.
Rengers troude op 10 maart 1860 yn Middelburch mei Johanna Maria Graeuwen, dochter fan de medicanae doctor Paulus Johannes Graeuwen en Johanna Maria de Lang. Hy liet yn 1871 op it bûten fan syn neef yn syn amtswenning bouwe. Hy soe oant syn ferstjerren yn dat – yn 2007 yn it ryksmonuminteregister ynskreaun – pân wenje. [1]
Hy frege yn 1896 om reden fan sûnens earfol ûntslach as boargemaster. Hy krige dat ûntslach mei yngong fan 1 april 1896. Hy waard opfolge troch Cornelis van Nijmegen Schonegevel.
Rengers ferstoar noch gjin jier letter yn de âldens fan 71 jier yn "Huize Boschoord" yn syn wenplak Legemar.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |