Bernemoard fan Betlehim

(Trochferwiisd fan Bernemoard yn Betlehim)

Mei de Bernemoard fan Betlehim wurdt de ynfantiside fan alle jonkjes yn Betlehim troch kening Herodes nei de berte fan Jezus bedoeld. De bernemoard wurdt yn it evangeelje fan Mattéus yn 'e ferzen 16 oant 18 fan it twadde haadstik beskreaun:

De Moard op 'e Unskuldige Bern (François-Joseph Navez, 1824).

Doe't Herodes fernaam dat de wize mannen him ferifele hiene, waard er poer. Hy stjoerde der manlju op út om alle jonkjes fan twa jier en jonger yn Betlehim en omkriten dea te meitsjen. Hy rekkene neffens de tiid dêr't er de wize mannen oer ûnderstien hie. Doe kaam út, wat de profeet Jeremia sein hat:

In klacht is heard yn Rama
skriemen en bitter gûlen
Rachel skriemde om har bern
se woe har net treaste litte, want se binne wei.

Doe't de wizen út it easten by kening Herodes kamen en him fertelden dat hja op reis wiene nei it berteplak fan 'e nije kening fan de joaden, rekke de kening slim oerémis. Herodes, dy't syn hân der net foar omdraaide om syn eigen frou of soanen om te bringen, stie gjin konkurrinsje ta en dêrom frege de kening de wizen om him tynge te dwaan as hja it plak ûntdutsen hiene wêr't de kening fan joaden berne wie, sadat ek Herodes sels it bern hulde bringe koe. De wizen hiene lykwols wol yn 'e rekken dat de kening hiele oare plannen hie en sûnder de kening berjocht te dwaan namen hja, nei't hja it bern fûn en huldige hiene, in hiel oar paad werom nei it easten. Herodes hat lang om 'e nocht sitten te wachtsjen, want by it beslút om alle jonkjes ûnder de twa jier te deadzjen hied er rekkene neffens de tiid dêr't er mei de wize mannen praat hie. Om der wis fan te wêzen dat Jezus him net misse soe, liet er ek de jonkjes út de omkriten fan Betlehim deadzje. Doe't Herodes syn wrede plannen útfiere liet, wiene Joazef, Marije en Jezus lykwols al op 'e flecht nei Egypte.

Hoefolle bern der fermoarde binne is net te sizzen. De Byzantynske liturgy giet út fan likernôch 14.000 fermoarde jonkjes. In iere Syryske list fan hilligen wol ha dat it der leafst 144.000 wiene. De Ingelsktalige roomsk-katolike ensyklopedy Catholic Enclopedia neamt dy oantallen lykwols oerdreaun en skriuwt dat it neffens de omfang fan it doedestiidske Betlehim heechút tsientallen west hawwe kinne. Wol moat dêr op oanfolle wurde dat yn ferbân mei de folkstelling yn opdracht fan keizer Augustus Betlehim grôtfol mei minsken wie, sa fol dat it Marije en Joazef ynearsten net iens slagge om in ûnderkommen te finen.[1]

Neffens de tradisjonele oerlevering fûn de bernemoard plak yn 'e Grot fan de Unskuldige Bern. Dy grot leit njonken de Bertetsjerke yn Betlehim.

Net-kristlike boarne

bewurkje seksje

De earste net-kristlike boarne dy't nei de bernemoard ferwiist, datearret fan fjouwer iuwen letter. Macrobius (± 395–423) skriuwt yn syn Saturnalia:

Doe't er (keizer Augustus) hearde dat ûnder de fermoarde jonkjes yn Syrje, dy't Herodes, kening fan 'e joaden, fermoardzje litten hie, ek syn eigen soan wie, sei er: "it is better de baarch fan Herodes te wêzen, dan syn soan".

Feest fan de Unskuldige Bern

bewurkje seksje

De Roomsk-Katolike, Anglikaanske en Otterdokse Tsjerke betinke de Dei fan de ûnskuldige Bern. Yn guon oare protestanske denominaasjes is it barren as in bysûndere betinkingsdei op 'e tsjerklike kalinder ynfierd. De feestdei yn oansluting op 'e Kryst ferskynt foar it earst op in ein fyfte-iuwske kalinder út Ferona en dêrnei op in liturgyske kalinder fan it jier 505 út Kartago. De data fan it feest foar de ferskate tsjerken binne:

  • 27 desimber: Syryske en Galdeeske Tsjerken
  • 28 desimber: Roomsk-Katolike Tsjerke en guon protestanske tsjerken
  • 29 desimber: Otterdokse Tsjerken, Koptyske Tsjerke[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Mattéus 2:1-19