Bijehâldersferiening It Oranjewâld

Bijehâldersferiening It Oranjewâld (Nederlânsk en offisjeel: Bijenhoudersvereniging Oranjewoud) is in feriening fan ymkers yn it Fryske doarp It Oranjewâld.

Bijehâldersferiening It Oranjewâld
Bijenhoudersvereniging Oranjewoud
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd ymkerij
fêstige yn It Oranjewâld (Fryslân)
oprjochte 1943
tal leden 34 (2018)
offisjele webside
oranjewoud.bijenhouders.nl

Skiednis bewurkje seksje

De organisaasje waard ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn 1943 oprjochte, doe't iten en alderlei oare saken rantsoenearre waarden en allinnich noch op de bon te krijen wiene. Ymkers, dy't sûker brek wiene om harren hunichbijen by te fuorjen en ek tabak, dêr't se reek mei makken om 'e bijen kalm te krijen, koene dat fan 'e Dútske besetter (dy't de hunich graach ôfnaam) wol krije, mar inkeld as se lid wiene fan in feriening. Sadwaande besleaten ymkers út It Oranjewâld en omkriten doe in eigen organisaasje op te rjochtsjen.

Yn 2018 waard it 75-jierrich bestean fan 'e Bijehâldersferiening It Oranjewâld fierd.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: